Fivelgoa (ek: Fivelingoa) is in fan oarsprong Frysk (goa) yn it tsjintwurdige Grinslân. De westgrins wie it Mearflyt en de eastgrins de Tsjamme, dy't sa'n bytsje de eastgrins foarme fan de eardere gemeente Slochteren (tsjintwurdich de gemeente Midden-Grinslân.

Lokaasje fan Fivelingo yn de Fryske seelannen

Algemien bewurkje seksje

De namme bestjut goa of gea fan de Fivel, in earder rivierke yn de omkriten. Fivelgoa wurdt skaaimerke troch de marren, boargen en de gasbel by Slochteren. Ek de seehaven Delfsyl en it midsiuwske stedsje Appingedam jouwe it gebiet syn karakter. De wetten fan Fivelgoa wiene earder yn it Aldfrysk.

De namme waard ek brûkt foar it eardere wetterskip yn sawat itselde gebiet. Dat wetterskip is yn 1987 opgien yn it wetterskip Iemssylfest.

Skiednis bewurkje seksje

Krekt as Hunzegoa wie Fivelingoa earder in Frysk goa. It wie ien fan kertieren fan de De Ommelannen.

It gebiet bestie út trije ûnderkertieren:

Yn de 13e iuw waarden dy ûnderkertieren ôfskaft en waard Fivelgoa as ien gewest sjoen. De yn it Aldfrysk opstelde Fivelgoa-wetten meitsje in wichtich part út fan oerbleaune Aldfryske teksten.

Fivelgoa wie leechlân dat ferskate kearen ûnder wetter strûpte. Der wie in lege sânrêch dêr't in tal doarpen op leinen. Dat is de liny Slochteren, Schildwolde, Hellum en Siddebuorren. Sûnt de lânwinning yn de Doalert, binne de oerstreamings yn Fivelgoa ferline tiid.

Appingedam wie yn de midsiuwen de wichtichste stêd fan Fivelgoa en de Ommelannen. Neffens in oarkonde út 1057 wie earder Garrelsweer it wichtichste plak. Garrelsweer ferlear lykwols syn posysje. Nei alle gedachten kaam dat troch de fersâning fan de Fivel. Ek Appingedam koe him nei ferrin fan tiid net hanthavenje foar de groeiende macht fan de stêd Grins yn de Ommelannen oer. Noch letter kaam dêr de groei by fan Delfsylster haven. Dochs bleau Appingedam it haadplak fan Fivelgoa. Fan dy eardere posysje is tsjintwurdich noch altiten wat werom te finen yn de âlde binnenstêd.

Keppeling om utens bewurkje seksje