Lier (Eastfrysk Plat: Läär[2], Sealterfrysk: Lier, Dútsk: Leer) is in stêd yn Nedersaksen, yn 'e Landkreis Lier. De stêd hat sa likernôch 34.000 ynwenners en is dêrmei nei Emden en Auwerk de op twa nei grutste stêd fan Eastfryslân. Lier is oarspronklik ûntstien oan 'e iggen fan 'e rivier de Leda, mar wreide him letter út nei de Iems ta. Sa koene ek skippen fan see de stêd berikke. Troch alle ferkearsferbiningen dy't by Lier gearkomme, wurdt de stêd ek wol de Poarte fan Eastfryslân neamd (Tor Ostfrieslands). Yn 'e lette fjirtjinde en iere fyftjinde iuw wie Lier troch tadwaan fan 'e haadling Fokko Ukena it politike sintrum fan Eastfryslân. Lykwols krige it pas yn it 1823 stedsrjochten. Yn earder tiden wie Lier in flekke, mar it funksjonearre yn 'e praktyk al folle langer as in stêd. De âlde binnenstêd mei syn histoaryske huzen makket Lier ta ien fan 'e moaiste stêden fan 'e regio.[3] Fjouwer boargen, in ferskaat oan monumintale bouwurken, en tsjerken út ferskillende iuwen binne yn 'e stêd werom te finen.

Lier
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Lânkring Lier (East-Fryslân)
Sifers
Ynwennertal 34.958 (31 desimber 2020)[1]
Oerflak 70,11 km²
Befolkingstichtens 499 /km²
Hichte 3 meter boppe seenivo
Oar
Stifting ±792
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.stadt-leer.de
 
It stee dêr’t de Leda yn de Iems oer giet.

Lier leit yn it suden fan de regio Eastfryslân yn de Dútske dielsteat Leechsaksen. De stêd leit sa likernôch 20 kilometer eastlik fan de provinsje Grinslân, en sa’n 40 kilomter westlik fan Aldenboarch. It âlde Lier is oan de Leda ûntstien, net sa fier fan it plak dêr’t de Leda oer giet yn de Iems. De stêd Lier waard grutter en grinzet hjoed-de-dei yn it westen oan de rivier de Iems. Sûnt de stedsdielen Bingum en Nettelboarch yn 1972 ûnderdiel waarden fan de gemeente Lier leit it stedsgebiet ek westlik fan de Iems en súdlik fan de Leda. De skippen dy’t fan see komme farre troch in seeslûs dy’t de haven beskermet.

It sintrum fan de stêd leit op in útrinner fan in Aldenboarchske-Eastfryske geastrêch út de iistiid. Benammen yn it sintrum en yn dielen fan Loga en Logabirum bestiet de grûn faak út sân en blokliem. Om de geastrêch hinne leit yn it westen, suden en súdeasten de sompige grûn fan de Iems en de Leda. Dêrneist bestiet it gebiet om de rivieren hinne ek út feangrûn mei in laach slyk der oerhinne. Yn it noardeastlike diel fan it stedsgebiet, yn it noarden fan it stedsdiel Logabirum, bestiet de boaiem ek út feangrûn. Oarspronklik leinen yn it noarden fan de stêd noch ferskillende sânbulten, mar dy binne oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven. Hjoed-de-dei leit it stedsgebiet tusken ien en sân meter boppe seenivo.[4][5]

Lier leit yn in reedlike sône en it klimaat wurdt beynfloede troch de Noardsee. Yn de simmer binne de deistige temperatueren leger as yn it binnenlân, yn ‘e winter binne de temperatueren ornaris heger as yn it binnenlân.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Lier yn in gebiet mei de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[6] Binnen dy matige sône is Lier ûnderdiel fan it Klimabezirk Niedersächsisches Flachland Nordsee-Küste. It klimaat is maritym mei relatyf kâlde simmers mei relatyf in protte rein, mar de winters binne myld en der falt net in protte snie.

It waarstasjon dat it tichste by Lier leit is yn Emden.[7]

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Trochsnee jier
Maks. temperatuer (°C) 4 5 8 12 17 20 21 21 18 14 8 5
12,8
Min. temperatuer (°C) -2 -1 1 3 6 9 11 11 9 6 2 0
4,6
Rein (mm) 59,2 40,1 51,4 46,0 61,5 77,4 74,8 67,2 65,6 62,5 69,1 63,2
738
Sinne (oeren) 1 2 3 5 6 6 6 6 4 3 2 1
3,8
Reindagen 13 9 12 10 11 11 11 11 11 11 14 14
138

Boarne: [8]

Buorgemeenten

bewurkje seksje

De stêd Lier leit sintraal op it fêstelân fan it distrikt Lier. It grinzet oan sân fan de alve gemeenten yn it distrikt Lier. Dat binne (mei de klok mei) de gemeenten Hesel, Jumme, Rauderfean, Westoverledingen, Weener (gemeente mei stedsrjocht), en de gemeenten Jemgum en Moarmerlân.

 
De stedsdielen fan Lier.

Lier hat njoggen stedsdielen. Dat binne it sintrum, Bingum, Heisfelde, Hohegaste, Leerort, Loga, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor. De stedsdielen Nettelburg en Bingum wurde fan de rest fan it stedsgebiet skaat omdat se oan de oarekant fan in rivier lizze. It stedsdiel Nettelburg leit súdlik fan de Leda yn it Oerledingerlân, Bingum leit westlik fan de Iems yn it Reiderlân. Der binne ek noch plakken dy’t wol by Lier hearre, mar gjin stedsdiel binne of dêrby hearre, foarbylden dêrfan binne Siebenbergen, Logaerfeld en Eisinghausen.

Omdat der sa likernôch 34.000 minsken op in oerflak fan 70,3 fjouwerkante kilometer wenje, hat Lier de twadgrutste befolkingstichtens. Mei 486 minsken de fjouwerkante meter leit de befolkingstichtens net allinnich heger as it Eastfryske gemiddelde mar ek boppe de trochsnee befolkingstichtens fan de dielsteat Leechsaksen (sa’n 168 minsken de km²) en fan Dútslân (sa’n 230 minsken de km²). Ticht beboud binne it sintrum en de stedsdielen Leerort, Heisfelde en dielen fan Loga. De oare stedsdielen binne lang sa ticht beboud net en op guon plakken hawwe se sels in agrarysk karakter. Dat jildt benammen foar Hohegaste en Nettelburg dy’t beide gjin eigen sintrum hawwe.

 
De resten fan de fêsting Leerort.

De namme Lier waard om it jier 792 hinne bekend. De Fryske apostol en biskop fan Munster Liudger reizge yn opdracht fan Karel de Grutte troch de Fryske lannen, en boude in tsjerke yn Lier.[9]

Yn de lette 14e en iere 15e iuw waard Lier troch de Eastfryske haadling Focko Ukena ta it politike sintrum fan Eastfryslân makke. Hy boude om it jier 1421 hinne de Fockenboarch en hy neamde himsels Haadling fan Lier. Focko Ukena hie in ferbûn mei de piraten, hy hie Okko II tom Brok yn de Slach fan Detern en de Slach op de Wylde Ikkers ferslein, en de striid mei de ierdsbiskop fan Bremen en de greven fan Aldenboarch wûn. De Eastfryske boeren fielden har troch de hieltyd tanimmende ynfloed en macht fan Ukena bedrige. It Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen fersette him tsjin Focko Ukena en belegere de Fockenboarch yn it jier 1430. By dy belegering waard de boarch mei de grûn lykmakke. Neffens skiedkundige Ubbo Emmius en oare skriuwers koenen minsken dy’t in bedriging foar de Fryske frijheid wienen gjin beskûl mear sykje yn de boarch. Net fier fan de Fockenboarch boude ien út de neiteam fan Ukena, Hayo Unken, de Harderwykenboarch yn de lette 15e iuw. De befolking seach Hayo Unken en syn Harderwykenboarch net as in bedriging foar de Fryske frijheid.[9]

De Cirksena’s en de Hânzestêd Hamboarch bouden nije hannelsrûtes troch de Fryske lannen. Yn dy tiid waard de boarch Stikhuzen boud as beskerming foar dy rûtes. Yn it jier 1453 kaam de fêsting Leerort, en dêrmei de stêd Lier, ûnder it bewâld fan Ulrich Cirksena. Under de neiteam fan Ulrich Cirksena waard Leerort de sterkste fêsting yn ‘e regio. Cirksena waard yn 1464 ferheven ta greve fan Eastfryslân. De stêd hat noch in aardich skoft residinsjestêd west fan de Eastfryske greven. Hja wienen yn de 16e iuw wol gauris yn Leerort. Dêrnei waard Auwerk de residinsjestêd. Yn 1508 krige Lier syn merkrjocht. Truch de hannel dy’t dêrtroch ûntstie koe de stêd groeie. Sa hie de stêd om it jier 1600 hinne tusken de 3.000 en 5.000 umwenners en sa likernôch tusken de 500 en 550 huzen. [10] De waach fan Lier waard yn 1714 boud.

Nei de dea fan de lêste foarst fan Eastfryslân yn 1744, Carl Edzard Cirksena, waard Eastfryslân en dêrmei de stêd Lier ûnderdiel fan Prusen. In jiermannich letter begûn de Sânjierrige Kriich wêryn’t Lier beset waard troch Frânske en Eastenrykske troepen yn it jier 1757. De stêd waard net fan soldaten plondere mar de skea dy’t hja tabrochten wie heech. Twa-tredde fan alle skea yn de Sânjierrige Kriich yn Eastfryslân wie yn Lier en de Evenboarch.

 
De haven fan Lier om 1850 hinne.

De stêd krige yn 1856 in treinferbining mei de "Hannoversche Westbahn", dy’t Emden yn it noarden ferbûn mei it Ruhrgebiet yn it suden. Yn 1866 kaam Eastfryslân, en dêrmei ek Lier, ûnder it bewâld fan Prusen. Under it nije bestjoer waard fierder wurke oan de ynfrakstruktuer. Tusken 1867 en 1869 waard de treinferbining nei Aldenboarch boud, yn 1876 kaam dêr it spoar nei Nijeskâns by. Dêrmei waard Lier it sintrale punt foar it (trein-)ferkear yn Eastfryslân. Yn 1990 kaam der noch in spoarferbining by nei Auwerk nei Wittmund ta. Dy treinferbining (foar lytse treinen) hold yn 1956 op te bestean foar persoansferfier, yn 1967 waard de tsjinst foar it ferfier fan guod ek stilset.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Lier net sa bot rekke troch bombardeminten, lykas yn de stêd Emden wol it gefal wie. De stêd waard op 28 april 1945 ynnommen troch de Kanadezen. Yn de earste jierren nei de oarloch stie de stêd Lier en it distrikt Lier ûnder it bewâld fan in Britske militêre kommandant. Yn 1946 waarden de earste politike partijen wer talitten en yn itselde jier waarden op 15 septimber de earste nije ferkiezings holden. Nei de oarloch groeide it ynwennertal hurd troch de komst fan flechtlingen út de eardere Dútske ryksgebieten dy't fuort nei de oarloch ûnderdiel waarden fan Poalen (eastlik fan de rivieren Oder en Neisse).

 
Tusken 1971 en 1990 waard de histoaryske binnenstêd fan Lier renovearre.

By de ein fan de oarloch yn 1945 hie de stêd sa'n 14.200 ynwenners, fiif jier dêrnei kaam it ynwennertal boppe de 20.000 út.[11] Yn 1950 wennen 5.578 flechtlingen yn Lier, 27,1 persint fan de hiele stedsbefolking. De stêd hie dêrtroch in grut ferlet fan nije wenningen wêrfan de stêd sels ek opdracht joech om nije huzen te bouwen. Troch de flechtlingen, en de weromkommende Dútske soldaten dy't nei de oarloch earst noch finzen holden waarden, hie de stêd ekonomyske problemen. Der wie lang net genôch wurk foar alle ynwenners. De stêd Lier en it distrikt Lier wurken oan safolle mooglik fasiliteiten dy't nedich wienen om nije bedriuwen nei de stêd ta te heljen. Tusken 1948 en 1960 groeide it tal yndustriële bedriuwen fan 20 nei 36, it tal hannelsûndernimmingen groeide yn dyselde tiid fan 20 nei 36.[12]

Yn it jier 1950 krige Lier in nij wapen. It stedswapen waard tekene neffens in ôfdruk fan in segel út it jier 1639. Op 1 oktober 1955 krige Lier syn status as selsstannige stêd. Yn 1968 waarden Heisfelde en Loga stedsdielen fan Lier, yn 1971 folge Leerort ek. Bingum, Hohegaste, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor waarden yn it jier 1972 stedsdielen fan Lier, sadat it ynwennertal fan de stêd foar it earst boppe de 30.000-ynwenners-grins kaam te lizzen.

Yn 1971 waard begûn mei de renovaasje fan de histoaryske binnenstêd. Neffens de oarspronklike plannen wie it de bedoeling en sanearje it hiele gebiet. Nei ferskillende aksjes fan de befolking waarden de politisy oerhelle om net alles mei de grûn lyk te meitsjen en de âlde bouwurken te renovearjen. It renovaasjewurk waard tusken 1971 en 1990 útfierd. De fernijde histoaryske binnenstêd hie in positive ynfloed op it toerisme en makke fan Lier de meast favorite winkelstêd yn Eastfryslân.

Ynwenners fan Lier wurde yn it Dútsk Leeraners neamd.

Befolkingsûntjouwing fan de stêd Lier [13][10]:

Ekonomy & fasiliteiten

bewurkje seksje

De haven fan Lier leit sawat hûndert kilometer fan de Noardsee ôf (by Boarkum). Troch in slûs is de haven fan Lier skaat fan de Leda en de Iems. Yn 2011 waard yn de haven fan Lier 623.000 ton oan guod omslein.[14] De Bünting groep sit sûnt 1806 yn Lier en is ien fan de grutste wurkjouwers fan de stêd. Bünting is eigener fan ferskate supermerken, mar it bedriuw is mear bekend om syn East-Fryske tee.

 
Ferkear yn East-Fryslân

Twa autobahnen (gongwegen) kruse benoarden Lier, de A 28 (Lier - Bremen) en de A 31 (Emden - Oberhausen, Ruhrgebiet). De stêd hat sels trije ferbinings mei de gongwegen. Noardwestlik fan de stêd giet de A31 fia de Iemstunnel ûnder de Iems troch. Ut it suden komt de B70 fan Papenburch troch de stêd hinne nei it Moarmerlân yn it noarden. De B436/E22 begjint yn Weener en giet ek dwers troch de stêd hinne nei it plak Sande.

It treinstasjon fan Lier is in oerstapstasjon mei út it suden/súdwesten wei de trein fan Grins en Munster, nei it noarden ta it spoar nei de haven fan Emden (mei grutte VW fabryk) en nei it easten leit it spoar nei Bremen.

Noardlik fan de stêd leit it fleanfjild Lier-Papenburch dat passazjiers ferfiert nei oare fleanfjilden yn de buert, benammen toeristen nei de East-East-Fryske eilannen. In grut ynternasjonaal fleanfjild wat tichtby it fleanfjild fan Lier leit is dat fan Bremen. Yn 2002 krige de stêd in priis foar de meast fyts freonlike stêd yn Nedersaksen. Reden dêrfoar wie it grutte oantal fytspaden.

Lier hat in grutte haven mei in protte skippen - likernôch 20 persint fan de Dútske hannelsfloat is yn Lier registrearre.

By de ZGO Zeitungsgruppe Ostfriesland GmbH yn Lier wurdt de Ostfriesen-Zeitung makke dy’t rûnom yn Eastfryslân abonnees hat en fan moandei oant en mei sneon ferskynt. It stedsdiel Bingum leit yn it Reiderlân en kriget dêrom de Rheiderland-Zeitung út Weener dy’t ek fan moandei oant en mei sneon besoarge wurdt.

Ferskate blêden dy’t mei eigen advertinsjes betelle wurde (lykas de Ostfriesland Kompakt, Sonntags-Report, Kurier am Freitag, Leer Aktuell), ferskine elke wike of elke moanne en skriuwe oer lokaal nijs.

Yn de stêd is ek noch in studio fan radiostasjon Radio Ostfriesland.

Yn lier binne sân basisskoallen en ferskate skoallen foar it fuortset ûnderwiis. De Teletta Gross Gymnasium en it Ubbo-Emmius-Gymnasium hawwe elk mear as 1.000 learlingen. It Ubbo-Emmius-Gymnasium is nei it Johannes-Althusius-Gymnasium Emden en it Ulrichsgymnasium Norden it tredâldste gymnasium fan Eastfryslân. De seefeartskoalle yn Lier is ûnderdiel fan de hegeskoalle Emden/Lier. Yn de stêd is ek in ‘’Folkshegeskoalle’’ foar it bestjoerlike distrikt Lier, fierders hat Lier de Beropsakademy Eastfryslân, de distriksmuzykskoalle (foar it ‘’Landkreis’’), it stúdzjeseminar Lier, de Bestjoer en Ekonomy Akademy, en ferskillende private ynstellingen.[13]

De stedsried (gemeenteried) fan Lier hat 38 sitten. It tal sitten is fêstlein yn de Leechsaksyske gemeenteriedswet foar gemeenten tusken 30.001 en 40.000 ynwenners.[15] Nei't de riedsleden keazen binne hawwe se in termyn fan fiif jier.

Hjirûnder stiet it resultaat fan de ferkiezings fan 11 septimber 2011:

Partij Prosint Sitten Opmerking
SPD 30,4% 12 − 4 sitten
CDU 25,7% 10 + 3 sitten
Bündnis 90/Die Grünen 21,1% 8 + 4 sitten
Allgemeine Wählergemeinschaft (AWG) 11,7% 4 bliuwt lyk
ChristDemokratische Leeraner (CDL) 6,4% 2 − 2 sitten
Die Linke 2,8% 1 bliuwt lyk
FDP 1,9% 1 − 1 sit

Boargemaster

bewurkje seksje

Sûnt 1997 wurdt de boargemaster fan Lier direkt keazen. Op dit stuit is Wolfgang Kellner de boargemaster fan Lier. By de boargemasterferkiezings fan 2001 makke er gading as selsstannige kandidaat (sûnder in partij te fertsjintwurdigjen) foar it amt fan boargemaster. By de ferkiezings fan 2006 waard er fannijs as boargemaster keazen.

Fertsjintwurdiger yn it dielsteatparlemint

bewurkje seksje

De fertsjintwurdiger fan kiesdistrikt 83 (Lier) is Ulf Thiele (CDU) út Uplengen. Yn 2003 wie er ek al winner fan kiesdistrikt 83. By de ferkiezings foar it dielsteatparlemint fan 2008 seagen de resultaten der sa út:[16]

Partij 1e stim Kandidaat 2e stim
CDU 44,3% Thiele 42,5%
SPD 30,5% Hein 31,6%
Bündnis 90/Die Grünen 6,5% Schachner 6,8%
FDP 3,0% Brüggemann 6,1%
Die Linke 6,0% Junker 7,5%
Die Friesen 2,7% Rademacher 2,6%
Selsstannige kandidaat 7,1% Koch ---

Fertsjintwurdiger yn de Bûnsdei

bewurkje seksje

By de ferkiezings foar de Bûnsdei yn Berlyn is Lier ûnderdiel fan kiesdistrikt 26 Unterems, dy't út it Landkreis Lier en it noardlike diel fan Landkreis Emsland bestiet. It kiesdistrikt ûntstie by de Bûnsdeiferkiezings fan 1980 en is nei de tiid net mear feroare.

Fertsjintwurdiger foar kiesdistrikt 26 yn 'e Bûnsdei is Gitta Connemann fan it CDU.

By de Bûnsdeiferkiezings fan 2009 waarden de neikommende resultaten helle:[17]

Partij 1e stim Kandidaat 2e stim
CDU 45,2% Connemann 39,1%
SPD 29,3% Borde 27,6%
Bündnis 90 /
Die Grünen
7,4% Lenger 7,5%
FDP 9,5% Goldmann 12,8%
Die Linke 7,4% Junker 8,7%

Partnerstêden

bewurkje seksje

Ferdivedaasje

bewurkje seksje
 
Evenburch
 
Stedhûs
 
Grutte tsjerke

Lier is bekend om syn histoaryske binnenstêd, dy't him ûnderskaat fan oare sintra yn Eastfryslân. Yn de stêd binne 365 bouwurken dy't as selsstannige bouwurken in monumintale status hawwe. Dêr komme noch 35 ensembles by dy't meiïnoar 233 bouwurken fertsjintwurdigje.[18]

It Riedhûs fan 1894 en de waach út 1714 binne tegearre ien ensemble. It Riedhûs is ûntworpen yn Renêssânsestyl en de waach is ûntworpen yn Barokstyl. In oare gebou mei ynfloeden fan de Barok is it kantongerjocht út 1720.

De Ledasperrwerk is in wetterkearing dy't de stêd tsjin heech wetter beskermje moat en is yn 1954 oplevere. De Jann-Berghaus-Brücke is de grutste klapbrêge fan Europa en hat in trochfarbreedte fan 56 meter.

Yn Lier binne der fjouwer saneamde boargen. By de beide âldste boargen giet it om stinzen, de oare twa giet it om slotten. De Harderwykenboarch is yn 'e earste helte fan de 15e iuw boud en is dêrmei de âldste noch hieltyd besteande boarch fan Lier. De Haneboarch is fan it jier 1621. Om 1650 hinne waard de Evenboarch boud, wêrfan de foarboarch hjoed-de-dei noch bewarre bleaun is. It slot waard yn 1861 yn nijgoatyske styl omboud, en rekke yn de Twadde Wrâldkriich skansearre. Fan 2004 oant en mei 2006 is de Evenboarch neffens histoaryske plannen rekonstruearre. De bou fan de Philppsboarch wie om 1730 hinne klear en is in slot yn Barokstyl.

De meast bekend tsjerken fan de stêd binne de Luterske tsjerke (boujier 1675) en de Grutte tsjerke (1785-1787). De Grutte Tsjerke is haadtsjerke fan de evangelysk-reformearden fan Dútslân.[19]

Yn Lier binne ferskillende parken lykas it slotpark fan de Evenboarch en it Philippsburger Park fan de Philippsboarch. It grutste park is it Julianenpark út 1889. It park mei dobbe waard boud op inisjatyf fan greve Carl Georg von Wedel en waard yn 1929 troch de stêd Lier oerkocht.

Yn juny 2011 waard oan de westkant fan de stêd, tichtby de Iems, it modelpark Leeraner Miniaturland iepene. Yn in hal mei in grutte fan 1.200 m² binne op 520 m² mear as 1.000 miniatuerhúskes en oare kulturele bouwurken út Eastfryslân op in skaal fan 1:87 neiboud. Om de hal hinne is in grien gebiet ûntstien dat in soad op in park liket.

Yn it stedsdiel Logabirumerfeld leit in kûlisselânskip mei relatyf in protte beamwâlen, it stedsdiel Logabirum bestiet foar in part út boskgebiet.

  • Böke-Museum - mei wurk fan Karl-Ludwig Böke en oare keunstners
  • Keunstsintrum Coldam
  • Haus Samson - East-Fryske wenkultuer út de 18e en 19e iuw
  • Heimatmuseum - regionaal museum mei benammen skiednis fan de skipfeart
  • Museumhaven
  • Teemuseum
  • "Prinz Heinrich" - skip út 1909

Yn 'e hjerst fan elk jier wurdt de Gallimarkt holden wêrfan de histoarje weromgiet nei it jier 1508. It is de grutste jiermerk yn it noardwesten fan Dútslân. As ûnderdiel fan de jiermerk binne yn de Ostfrieslandhalle 3.000 plakken foar de byhearrende feemerk. Om de twa jier wurdt de Ostfrieslandschau, in beurs foar bedriuwen en ferieningen út de regio, holden.

De Ossiloop is in hurdrinevenemint dy't elk jier holden wurdt en begjint yn it Julianenpark en einiget yn Bensersiel. In oar sportevenemint is de Citylauf Leer mei sa'n 2.000 dielnimmers dy't sûnt 1991 troch de polysje fan Lier en Emden organisearre wurdt op de earste snein fan septimber.

Elk jier yn july wurdt it evenemint Leer Maritim holden, in ynternasjonaal barren dêr't rekreanten mei harren boaten oan meidogge.[20] It sportive hichtepunt dêrby is de drakeboatregatta. Yn elk ûneven jier wurdt tagelyk mei Leer Maritim in stedsfeest holden. In oar wettersportevenemint dat elk jier weromkomt is de tradisjonele roeiregatta yn de lêste wike fan augustus of de earst wike fan septimber.

Yn it Kulturzentrum Zollhaus wurde regelmjittich konserten jûn. Dêrneist wurde dêr kabaretfoarstellingen holden en it berneteater. In oar poadium foar konserten is it Jugendzentrum (jeugdsintrum) dêr't út en troch ek wol bekendere artysten spylje. Der wurde ek eveneminten holden yn de Kulturspeicher, in âlde havenloads út 1778.

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

Berne yn Lier

bewurkje seksje

Bining mei Lier

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Lier – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.statistik.niedersachsen.de/startseite/ LSKN Läichsaksen]
  2. https://oostfraeisk.org/main.aspx?W=l%C3%A6%C3%A6r&df=frs&fts=J
  3. Gottfried Kiesow: Architekturführer Ostfriesland. Utjouwer Deutsche Stiftung Denkmalschutz, Bonn 2010, ISBN 978-3-86795-021-3, side 127.
  4. Arbeitsgruppe der Ortschronisten der Ostfriesischen Landschaft, Paul Weßels: Stadt und Landkreis
  5. Eberhard Rack: Kleine Landeskunde Ostfriesland. Utjouwerij Isensee, Aldenboarch 1998, ISBN 3-89598-534-1, side 13 (Grafik)
  6. Waareldkoarte mäd aktualisierde Doaten uut ju Köppen-Geiger-Klimaklassifikation
  7. Deutscher Wetterdienst: Standortkarte (PDF-triem, 113 kB)
  8. Klimainformationen für Leer fan de webside holidaycheck.de
  9. 9,0 9,1 Skiednis op leer.de
  10. 10,0 10,1 www.leer.de Geschichte -> Aufstieg zum Marktflecken op de webside leer.de
  11. Enno Eimers: Kleine Geschichte der Stadt Leer. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 116.
  12. Enno Eimers: Kleine Geschichte der Stadt Leer. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 118.
  13. 13,0 13,1 Ynwennertallen op de webside leer.de
  14. Umschlag im Leeraner Hafen floriert út de Ostfriesen-Zeitung
  15. Niedersächsisches Kommunalverfassungsgesetz fon 17. Dezember 2010
  16. Kiesdistrikt 83 Lier, boarne: Niedersächsisches Landesamt für Statistik.
  17. Kiesdistrikt 26 Unterems, boarne: Der Bundeswahlleiter.
  18. Webside leer.de oer monumintale bouwurken (Denkmalschutz)
  19. Evangelisch-reformierte Kirche, sjoen op 28 juny 2013
  20. Webside leer.de oer Leer Maritim
  Stedsdielen fan Lier  
BingumHeisfeldeHohegasteLeerortLogaLogabirumNettelburgNüttemoorSintrum
  ·   ·