Karel de Grutte (2 april 742, Herstal ? - 28 jannewaris 814, Aken) wie sûnt 771 oant en mei syn dea kening fan de Franken; boppedat waard er yn 800 ta keizer fan it Westen kroane. Karel wie de soan fan Pippyn de Koarte en Bertruda mei de Grutte fuotten.

Ofbyld fan Karel de Grutte op in munt mei it opskrift KAROLVS IMP AVG ("Carolus Imperator Augustus").
It Frankyske Ryk

It keninkryk bewurkje seksje

Pippyn de Koarte, de soan fan Karel Martel, wie de earste kening fan de Karolingen, de dynasty dy't fan 751 oant 987 in tige wichtige rol spile hat yn de Jeropeeske skiednis. Nei de dea fan Pippyn yn 768 waard it keninkryk opdield ûnder dy syn beide soannen: Karel de Grutte en Karloman. Karloman kaam lykwols al gau te stjerren op 5 desimber 771, wêrnei't Karel de Grutte kening waard fan hiel it Frankyske ryk.

Utwreiding fan it ryk bewurkje seksje

Yn de 46 jierren fan syn hearskippij fierde Karel mear as 50 oarloggen, wat ek foar in midskiuwske monarch mear as trochsnee wie. Syn wichtichste tsjinstânners wienen de Saksen en Langobarden, mar ek mei de Friezen hied er te stellen.

De Friezen en Saksen bewurkje seksje

Wat as in strafekspedysje tsjin de Saksen begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe en dy't te boek steld waard as de Saksenkriich. Yn 772 foel er mei in grut leger de Saksen oan en de Friezen eastlik fan de Lauwers. Hy fersloech harren yn in tal slaggen en dêrtroch kamen it lêste ûnôfhinklik-bleaune Fryske gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.

Under oanfiering fan Widukind kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn 782 oan meidien hawwe. Widukind joech him oer yn 785 en ek de Fryske opstân waard delslein. De tsjinstân fan de Saksen wie stiifsettich, earst yn 804 hawwe se harren lang om let foar altiten deljûn. Under dy oarloch ûntstie it kweade sizzen fan de "bekearing mei izeren tongen", wêrmei't de twongen bekearing mei it swurd bedoeld waard. Hjirta furdige Karel in dekreet út, de Capitulatio de partibus Saxoniae, wêryn't foar it earst yn de westerske skiednis mei geweld in bekearingspolityk bedreaun waard. Yn 797 furdige Karel in nij dekreet út, ûnder ynfloed fan syn riedjouwer Ealwyn, dat in wat sêftere bekearingspolityk betsjutte. Dat dekreet wie de Capitulare Saxonum. Yn 782 kaam it ta de romrofte moarderij fan Verden, dêr't neffens de oerlevering 4.500 Saksyske opstannelingen ûnthalze west ha soene.

By de Friezen late dy polityk ta in soad ûnfrede. Yn 793 kamen de gebieten eastlik fan de Lauwers dêr tsjin yn opstân, ûnder oanfieren fan de hartoggen Unno en Eilrad. Dy ôpstân late ta in tydlike weromfal nei it heidendom. Kristlike sindelingen as Liudger waarden op 'e flecht jage. Mar de opstân waard lykwols fuort troch de Franken delslein en de Friezen kamen op 'e nij ûnder de kwint.

De Langobarden bewurkje seksje

Oan de oarloch tsjin Karel syn oare fijân, de Langobarden, gong in konflikt tusken de Byzantinen en de Langobarden foarôf. De Langobardyske kening Desiderius oermastere yn 773 it eksargaat Ravenna dât bestjoerd waard troch it Byzantynske ryk en dêr't ek de stêd Rome ûnder foel. De paus Adrianus I frege Karel om help, en dy teach mei in mânsk leger yn 773 nei Itaalje ta. Hy besette de Langobardyske haadstad Pavia en fersloech de ynfallers. Kening Desiderius waard troch him ôfsetten en hy brocht it gebiet tusken Rome en Ravenna mei klam ûnder Frankyske beskerming. Op Peaskedei 774 teach er Rome yn en waard er as in keizer ûnthelle en eare. Mei tastimming fan de paus neamde Karel himsels tenei kening fan de Franken en fan de Langobarden.

Yn 788 waard mei it hartochdom Beieren it lêste stamhartochdom by it Frankyske ryk ynlive, yn 795-796 folge de ûnderwerping fan it ryk fan de Avaren oan de eastgrins yn it tsjintwurdige Hongarije), en yn 811 twong Karel de Denen de rivier de Eider oan te nimmen as grins en koe sadwaande de ynfallen fan de Wytsingen tsjinhâlde. En ek al bleau yn 778 syn fjildtocht tsjin de Moaren in Spanje sûnder grutte gefolgen, hy koe wol it gebiet besuden de Pyreneeën oermasterje en tafoegje oan it ryk as de Spaanske Mark. Hjir mei waard ek de opgong fan de Islam ta stean brocht.

Op de ein hie Karel in grut part fan it eartiidske West-Romeinske ryk (en grutte gebieten der omhinne) ferienige ûnder syn hearskippij. Op it hichtepunt fan syn macht hearske er oer in gebiet dat rikte fan de Elbe en de Oder oant de Pyreneeën, en dat sa ûnbidige grut wie dat it in konkurrint waard fan it Byzantynse ryk en dêrmei de opfolger fan it Romeinske ryk yn it westen.

It keizerryk bewurkje seksje

Op 25 desimber 800 waard Karel de Grutte troch paus Leo III kroane ta keizer fan it West-Romeinske Ryk, in titel dy't sûnt 476 net mear yn West-Jeropa brûkt west hie.

Polityk bewurkje seksje

Om syn ryk ienfâldiger regearje te kinnen, fierde Karel de Grutte in sintralisaasjepolityk dy't ta utering kaam yn:

  • It útfurdigjen fan algemiene wetten, de capitularia, foar alle ûnderdienen fan it Frankyske ryk, en it koadifisearjen fan alle lokale wetten. Op inisjatyf fan Karel de Grutte waard yn 802 de Lex Frisionum op papier set;
  • It feralgemienjen fan de fasaliteit, dêr't in fazal syn bestjoerlike en militêre tsjinsten by oanbea yn ruil foar gebiet.
  • It oanstellen fan omreizgjende amtners, de missi dominici ('ôffurdige fan de hear, de kening'), om kontrôle út te oefenjen op it greeflik bestjoer;
  • It ûntwikkeljen fan in soarte ienheidskultuer om fia sindingswurk de bannen tusken syn ûnderdienen te fêstigjen of te fersterkjen;
  • It ynfieren fan it pûn, livre fan it Latyn libra as skealje, as standertmjitte foar gewicht lykas jild;
  • It ûntwikkeljen fan in hofkultuer, dy't him spegele oan de Byzantynske.

Syn polityk hie ek gefolgen bûten syn ryk; sa rekke it pûn bygelyks ek yn Grut-Brittanje yn gebrûk.

Dea en opfolging bewurkje seksje

Nei syn ferstjerren yn 814, waard Karel de Grutte beïerdige yn syn eigen kapel yn Aken, dy't no de kearn foarmet fan de hjoeddeiske katedraal. Syn neikommelingen waarden de Karolingen neamd.

Syn ienichste noch libbene soan, Loadewyk de Fromme folge him op; sadwaande bleau it rekonstruearre West-Romeinske Ryk noch in generaasje by inoar. Nei Loadewyk de Fromme waard it ryk nei Frankysk rjocht ûnder dy syn trije soannen ferdield. It westlik en eastlik part dêrfan waarden it begjin fan it lettere Frankryk en it Dútske Hillige Roomske Ryk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: