Unno

Fryske haadling út de Midsiuwen

Unno wie in Fryske haadling út de Midsiuwen. Hy kaam fan Riustringen.

Yn 793 fierde Unno, tegearre mei Eilrad, in oare lieder, de Friezen oan yn harren ôpstân tsjin it Frankyske ryk fan Karel de Grutte. Dizze ôpstân soe der ta liede dat de Friezen tydlik weromfoelen nei it heidendom. Kristlike sendlings as Liudgers waarden op 'e flecht jage. De ôpstan waard lykwols fuort delslein troch de Franken en de Friezen kamen wer ûnder it plak.

  • Herre Halbertsma, Frieslands oudheid, Utert, 2000, s. 310.