Vita Karoli Magni
De Vita Karoli Magni (It libben fan Karel de Grutte) is de biografy fan Karel de Grutte, skreaun troch Einhard.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Vita Karoli Magni waard tusken 817 en 830 skreaun yn opdracht fan Karel syn soan Loadewyk de Fromme en is de ienige boarne oer dizze keizer dy't gearstald is troch ien dy't him persoanlik lange tiid kend hat. Einhard, dy't it wurk skreaun hat, hat him ynspirearje litten troch Gaius Suetonius Tranquillus, de biograaf fan ferskate antike Romeinske keizers; foar de ynhâld koed er beskikke oer de keninklike annalen (de skiednis sa as dy alle jierren byhâlden waard; it wurd is ôflaat fan it Latynske annus dat jier betsjut).
It wurk kin opfetten wurde as ien grutte lofpriizging op dizze keizer en dêrtroch net bjusterbaarlik objektyf. Dêr wurdt gjin wurd skreaun oer de misstannen út dy tiid sa as bygelyks de lege moraal fan Karel syn dochters. Ek wurde dingen fergoedlike, ûnder oare de moarderij op it folk fan de Saksen.
Troch historisy wurdt de Vita Karoli Magni fral sjoen as de earste biografy fan in Jeropeeske kening sûnt de biografyen fan de Romeinske keizers. It libben fan de kening wurdt beskreaun yn dagen. Alle dagen fan Karel de Grutte syn libben waarden troch Einhard beskreaun yn de biografy. Tanksy Einhard binne wy in soad oer Karel de Grutte te witten komd en is mear fan him bekend as oer oare midsiuwske foarsten út dy tiid. Neffens Einhard prate Karel mei in frij hege stim, mocht er graach Frankyske klean drage en hat er besocht om skriuwen te learen.