Eginhard

(Trochferwiisd fan Einhard)

Eginhard of Einhard, Frankyske gelearde en skiedskriuwer, berne om-ende-by 775 yn de omkriten fan Mainz en op 14 maart 840 ferstoarn as abt yn de abdij fan Seligenstadt (wat te suden fan Frankfurt).

Einhard yn in 15e-iuwsk hânskrift

Eginhard waard berne yn in rike famylje yn de omkriten fan it Eastfrankyske Mainz. Hy krige in oplieding oan it kleaster fan Fulda en kaam koart nei 791 oan it hof fan Karel de Grutte te wurkjen, dêr't er de hofskoalle fan Ealwyn oernimme soe. Omdat er bliken die dat hy ferstân fan bouwen hie, joech Karel de Grutte him ek de ferantwurding om as boumaster de foltôging te fersoargjen fan in oantal paleizen, ûnder oaren yn Aken en Ingelheim.

Fan Eginhard binne ferskate brieven en godstsjinstige skriften bewarre bleaun, mar fierwei syn wichtichste wurk is wol it libbensferhaal dat er oer Karel de Grutte skreau, de Vita Karoli Magni.

 
Vita Karoli Magni

De Vita Karoli Magni (It libben fan Karel de Grutte) waard tusken 817 en 830 skreaun yn opdracht fan Karels soan Loadewyk de Fromme en is it ienige boek oer Karel dat gearstald is troch ien dy't de keizer lange tiid fan tichtby meimakke hat. Hy hat him by it skriuwen ynspirearje litten troch de Romeinske skiedskriuwer Suetonius, de biograaf fan ferskate antike Romeinske keizers; foar de ynhâld koed er beskikke oer de Frankyske keninklike annalen (de skiedskriuwsels sa as dat alle jierren byholden waard fan de foarfallen yn it Frankyske ryk; de term komt út it Latyn annus of jier).

Omdat it wurk benammen opfetten wurde kin as earbetoan foar de grutte keizer is it net objektyf skreaun. Eginhard sluet mei opsetsin syn eagen foar misstannen, bygelyks de lytse moraal fan Karels syn dochters.

Keppeling om utens

bewurkje seksje