Pûn (massa)
In pûn is in ienheid fan massa.
It tradisjonele Nederlânske pûn woech ± 480 gram en wie ferdield yn (meastal) 16 ûns.
Lykas mei in soad maten wienen der pleatslike ferskillen en ferskillen fan materiaal.
Yn 1820, doe't Nederlânsk metryk stelsel ynfierd waard, waard de wearde fan it Nederlânske pûn bepaald op 1 kilogram. Dat is net sa gek as it liket. In pûn hie foar dy tiid ferskillende wearden. Mei dy ynfiering fan it metrike stelsel waarden dy wearden ôfskaft en wie de kilogram de offisjele ienheid foar massa (of gewicht). Mei oare wurden, de kilogram wie it moderne pûn.
Pas mei de Wet fan 7 april 1869 (Steatsbled No.57) waarden âlde beneamingen, wêrûnder ek it pûn, ôfskaft en ferfongen troch de tsjintwurdich brûkte oantsjuttings, lykas kilogram. Mei de Itichwet fan 1937 waard it pûn (mei in wearde fan in heale kilogram) offisjeel ôfskaft. Yn it deiske taalgebrûk hat it pûn de wearde fan in heale kilo hâlden; ien dy't ticht by de oarspronklike wearde fan foar 1820 leit.
Wetlike aspekten
bewurkje seksjeOmdat it pûn, oars as de kilogram, net wetlik omskreaun is, meie winkellju yn sommige lannen harren negoasje net mear it pûn ferkeapje. Yn Nederlân bygelyks, hat de Itichwet hjirop betrekking. By in wetlik fêststeld gewicht men him der altiten op beroppe dan men te min of te folle krigen hat. By in pûn is dat, fanwege it ûntbrekken fan sa'n wetlike fêstlizzing, net mooglik. In pûn soe krektlike goed in Imperial (Ingelsk) pûn wêze kinne. As in winkelman lykwols 'pûn' seit en 500 gram ôfwaacht, dan is der net folle reden om him fan bedroch te beskuldigjen, want elke Nederlânske klant tinkt by in pûn oan 500 gram. De wetlike sanksje sil yn de praktyk dan ek wol wat tafalle. Op priiskaartjes wurdt dan ek faak de priis per heale kio oanjûn.