Petrus Hofstede de Groot
Petrus Hofstede de Groot (Lier, 8 oktober 1802 – Grins, 5 desimber 1886) wie in Nederlânsk teolooch.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHofstede de Groot waard berne yn East-Fryslân. Dyn âlden wiene Kornelius Petrus de Groot en Anna Gertruida Hofstede. Petrus wie de earste dy't de famyljenamme Hofstede de Groot brûke. Zijn Oranjegezinde ouders waren naar Lier vertrokken by oanfang fan de Bataafske Republyk. Yn 1813 kaam de húshâlding werom yn Grins. Nei it gymnasium skreau er him 1819 yn oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er trije jier letteren studearre. Dêrnei gie er oer op de stúdzje teology. Ein 1826 promovearre er mei Disputatio Clemente Alexandrina, philosopho Christiano.
Op 10 desimber 1826 waard er predikant fan Herfoarme gemeente yn Ulrum. Dêr boaske er oan Gertruida Agneta van Herwerden (1809-1859), in suster fan syn freon C.H. van Herwerden. Hendrik de Cock, ien fan de oanfierders fan de Ofskieding, wie syn opfolger yn Ulrum. Op 6 maaie 1829 waard Hofstede de Groot heechlearaar oan de universiteit te Grins, dêr't er 8 oktober 1872 ôfskied naam. Yn 1847 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Hofstede de Groot hat njonken syn wurk as heechlearaar ek bot warber west yn it maatskiplik libben, yn Grins en yn oare plakken. Hy wie ûnder mear ynspekteur fan it ûnderwiis en wie belutsen by de earmesoarch. Jierrenlang wie er ien fan de direkteuren fan it Nederlandsch Zendeling Genootschap, festige yn Rotterdam. De earste kear dat er direkteur waard wie yn 1831. Hy skreau ferskate stikken op it mêd fan de sinding. Hy hearde mei syn kollega's Johan Frederik van Oordt en L.G. Pareau ta de saneamde Grinzer Godgelearden, in teologyske streaming mei in soad ynfloed, mei troch harren tydskrift Waarheid in Liefde. Hy waard mear as ien kear ôffurdige nei de synoade fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, dy't har gearkomsten yn De Haach hold.
Petrus Hofstede de Groot stoar yn de âldens fan 84 jier yn Grins.
Famylje
bewurkje seksje- D.A. de Groot, syn âldere broer, wie predikant.
- Ien fan syn bern, Cornelis Philippus Hofstede de Groot, waard heechlearaar teology yn Grins.
- De keunsthistoarikus Cornelis Hofstede de Groot (1863-1930) wie in pakesizzer fan him.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Gedachten over de beschuldiging, tegen de leraars der Nederlandsche Hervormde Kerk in deze dagen openlijk ingebragt, dat zij hunnen eed breeken, door af te wijken van de leer hunner kerk, die zij beloofd hebben te zullen houden - 1834
- Voorlezingen over de geschiedenis der opvoeding des menschdoms door God tot op de komst van Jezus Christus, diel 1 en 2 - Grins 1849
- De zending in China, volgens 't geen dr. K. Gützlaff, den 18 april 1850, daarvan te Groningen mededeelde - 1850
- Herziene formulieren der Nederlandsche Hervormde Kerk - 1850
- Een woord aan de Hervormde Gemeente te 's Gravenhage, over de Groninger godgeleerden, en hunne bestrijding in 'Den Nederlander' - 1851
- De Groninger Godgeleerden in hunne eigenaardigheid. Toespraak aan zijn vroegere en tegenwoordige leerlingen, na vervulde vijfentwintigjarige hoogleeraarsbediening - 1855
- De zending, eene voortgaande openbaring van God. Redevoering uitgesproken in de algemeene vergadering van het Nederlandsche Zendelinggenootschap - 1860
- Voorlezingen over de geschiedenis der opvoeding des menschdoms door God, tot op de komst van Jezus Christus - 1861
- Ary Scheffer - 1872
- De zending, eene wereldmacht - 1882
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|