Ulrum (Grinslânsk: Ollerom) is in doarp yn Grinslân yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). Ulrum leit benoardeasten fan Sâltkamp, tusken de N361 en it Hunzegoakanaal.

Ulrum
Herfoarme tsjerke fan Ulrum

Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente; yn dat jier kaam it lykwols by Eenrum, Liens en Kleasterbuorren en ûntstie der in nije gemeente mei de namme Ulrum. Dy namme waard yn 1992 feroare yn dy fan it ûnderkertier fan Hunzegoa: De Marne en tsjintwurdich is Ulrum by de gemeente It Hegelân yndield.

Uluringhem waard al neamd yn de 11e iuw. It wie it wenplak fan Ulurin of Ulrin.

Ulrum leit op twa wieren. Op de iene stiet de romano-goatyske tsjerke (ein 12e iuw) en by de oare wier lei de Asingaboarch. Op it oarspronklike borchterrein waard yn 1988 in park iepene.

Ulrum wie eartiids in woltierich doarp mei in protte middenstanners en lytse bedriuwen. Tsjintwurdich is der fral noch wat te dwaan yn de lânbou.

Ofskieding fan 1834

bewurkje seksje

It doarp Ulrum is bekend wurden troch de Ofskieding yn 1834. Dûmny Hendrik de Cock koe him net langer fine yn de frijsinnige opfettings en wize fan preekjen yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Dat joech swierrichheden mei de klassis, de partikuliere synoade en mei in soad notabelen yn syn fermidden. in protte ienfâldige minsken út it doarp en omkriten, somtiden sels fan fierrens, kamen te preekharkjen. Nei in soad warskôgings, boetes, dragonders (soldaten) oer de flier, útsluting en ôfsetting besleat er mei de tsjerkeried om ta ôfskieding oer te gean.

Bekende ynwenners

bewurkje seksje