Doarp
In doarp is in delsetting dêr't in tal fan huzen byelkoar stiet en de bewenners brûkme meitsje fan in tal fan mienskiplike foarsjennings.
Funksje
bewurkje seksjeYn Fryslân wie de âldste mienskiplike foarsjenning de beskerming tsjin it wetter, de terp. Terp is dan ek fan oarsprong in wurd foar doarp. Yn de Roomske tiid waard it ûnderskied tusken in buorskip en in doarp of it plak in tsjerke hie. It ûnderskied mei in flekke wie dat in flekke mear rjochten hie, benammen merkrjocht. It doarp wie in gearstallend part fan de gritenij; de himriken fan de doarpen foarmen tegearre it gebiet fan de gritenij, en de doarpsfolmachten foarmen de gritenijrie.
Doarpsrjocht
bewurkje seksjeIt doarpsrjocht is likemin ôfhinklik fan it ynwennertal as it stedsrjocht, Guon doarpen waakse út ta, wylst oare krimpe, mar dit hat op himsels gjin ynfloed op it doarpsrjocht. In inkelt kear is in doarp sa lyts wurden dat it in buorskip mei doarpsrjocht waard, lykas Kleaster Lidlum. It is ek alris bart dat in gemeente it doarpsrjocht weinaam hat. Mar foar it meastepart bliuwt in lyts doarp in doarp oant it de lêste ynwenner kwytrekket.
Type
bewurkje seksjeDer binne ferskate typen fan doarpen, lykas:
- lintdoarp - In doarp fan hûzen of pleatsen in feart of wei bylâns.
- streekdoarp - In lyndoarp dêr't de huzen fier útelkoar in wei of feart bylâns lizze, elts op harren eigen stik lân.
- weidoarp / feartdoarp - In lintdoarp dêr't de huzen tichtopelkoar boud binne; as der mear grûn by de huzen heart dan leit dy op in oar plak yn de himrik.
- komdoarp - In doarp dêr't de huzen om in doarpssintrum hinne stean.
- terpdoarp - In komdoarp dêr't de huzen tegearre mei de tsjerke op de terp stean, of by útwreiding om de terp hinne.
- brinkdoarp - In komdoarp dêr't de huzen om in mienskiplik fjild hinne stean.
Oare siden
bewurkje seksjeIn tsjinstelling ta oare dielen fan Nederlân, hawwe Fryske doarpen harren eigen wapenskild. Mear hjiroer op: