Sozialdemokratische Partei Deutschlands

Sozialdemokratische Partei Deutschlands
Partijlieder Saskia Esken, Norbert Walter-Borjans
Partijfoarsitter
Oprjochting 23 maaie 1863 (ADAV)
8 augustus 1869 (SDAP)
maaie 1875 (gearfoeging)
12–18 oktober 1890 (SPD)
Haadsit Berlyn
Ledetal 404.305 (2020)
Jongereinorganisaasje Jusos
Rjochting Sintrumlofts
Ideology Sosjaaldemokrasy, Europeesk federalistysk
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje Progressive Alliânsje fan Sosjalisten en Demokraten
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan Sosjalistyske Ynernasjonale
Webside www.spd.de

De Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD, Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân) is de âldste politike partij fan Dútslân; ien fan har foargongers waard oprjochte yn 1863, de hjoeddeiske namme hat se sûnt 1890. Se wie jierrenlang Dútslânsk grutste partij yn ledetal (438.000 leden yn 2017) en hieltyd ien fan de grutste, sa net de grutste sosjaaldemokratyske partij yn de wrâld.

Yn 1918 waard foar it earst in sosjaaldemokraat regearingslieder fan Dútslân. Yn 1933 waard de partij ferbean, mar weroprjochte yn 1945 waard it de op ien nei wichtichste partij. Yn de perioaden 1969 – 1982 en 1998 -2005 en fan 2021 ôf wie de bûnskanselier in sosjaaldemokraat.