Hânze
De Hânze wie in fan oarsprong Dútsk bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen, mei as doel ûnderlinge beskerming te bieden by de hannel yn bûtenlânske gebieten. De Hânze wie aktyf fan de 12e iuw oant de 17e iuw; op it hichtepunt wie it in bûn fan likernôch 200 stêden.
Untstean
bewurkje seksjeOarspronklik wie hansa it rjocht dat frjemde keaplju betelje moasten om te hanneljen yn in stêd, hearlikheid of lân. Fakentiden joegen keaplju fan ferskillende stêden elkoar "frijheid fan de hânze". De ynternasjonale ferienigen dy't sa ûntstienen krige ek de namme hânzen. Yn de 12e en 13e iuw kamen de belangen fan Dútske stêden mei hannel en bysûndere rjochten yn it bûtenlân gear yn in bûn fan hannelsstêden. Earst yn 1357 waard lykwols formeel de Hânze stifte.
Organisaasje
bewurkje seksjeYn de bloeitiid (14e-15e iuw) omfieme de Hânze mear as 150 stêden, dêr't Lubeck de wichtichste fan wie yn it gebiet dat har útstrekke tusken de Sudersee, de Finske Golf, de Baltyske See en Turingen.
It bûn wie net ticht assosjearre; it wie fral in groep stêden dy't mienskiplike belangen op Noardsee en Eastsee ferdigene, ek mei oarlochsskippen at dat nedich wie. Beslissings wienen naam op de Hânzedei, ien kear yn it jier yn Lubeck. Fierders wie Lubeck ek de arbitraasje at de stêden ûnderinoar konflikten hienen. Der wienen sa'n santich wichtige hannelsstêden yn it bûn, en nochris hast dûbeld sa folle hannelsposten en oare hannelsrelaasjes dy't ek lid wienen.
Delgong
bewurkje seksjeDe wurde trije faktoaren oanwiisd foar de delgong fan de Hânze:
- Trochdat it bûn him yn de twadde helte fan de 14e iuw yn syn kearngebiet in rige monopoaljeposysjes bemachtige, waard net genôch dien oan oanpassings oan nije situaasjes en nije ûntwikkelings.
- It bûn wie net strikt oan in nasjonaliteit keppele, en koe him yn de 15e iuw net goed ferdigenje tsjin it sterker wurden fan de naasjes.
- Mei it ferkennen fan hieltyd gruttere parten fan de wrâld ferskode it aksint fan de hannel wei fan de Eastsee en Noardsee, dêr't de Hânze grutte ynfloed op hie, en kaam mear op de oseaanhannel te lizzen, dêr't de Hânze gjin part yn hie.
Nei 1600 wie it bûn net mear as organisaasje aktyf. De lêste Hânzedei waard lykwols oan de ein fan de iuw holden, yn 1699. Formeel wie de Hânze doe lykwols net ôfsletten, en Lubeck, Hamburch en Bremen bleaunen as de lêste trije leden oer, en neame harsels hieltyd noch Frije en Hânzestêd.