Slach op de Wylde Ikkers
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach op de Wylde Ikkers hat west op 28 oktober 1427 en wie de twadde slach tusken Fokko Ukena en Okko II tom Brok. Tusken de opponinten waard earder fjochte yn de Slach fan Detern. Beiden slaggen waarden wûn troch Fokko Ukena. Nei de slach waard Okko finzen nommen en wie Fokko Ukena de nije hearsker oer East-Fryslân.
Eftergrûn
bewurkje seksjeOkko II tom Brok wie de earste haadling fan East-Fryslân dy't allinnich oer it hiele gebiet hearske. De Friezen seagen it strange bewâld fan de haadlingefamylje tom Brok as ûnfrysk. Dêrtroch groeide by in protte Friezen de langstme nei de Fryske frijheid. It bewâld fan de famylje tom Brok wie sa machtich sterk dat oare haadlingefamyljes suver gjin kâns hienen om tsjin de tom Brok yn ferset te kommen. Yn it suden fan East-Fryslân kaam syn machtichste bûnsmaat, Fokko Ukena, yn 1426 yn opstân mei it East-Fryske befrijingsleger yn de Slach fan Detern.
Neirin
bewurkje seksjeFokko Ukena wie nei de beide oerwinnings tsjin Okko II tom Brok de nije hearsker fan East-Fryslân wurden. Hy koe syn posysje as hearsker net hâlde. Dêrfoar wie er net betûft genôch yn it politike spultsje. De belestings dy't er frege wienen te heech en troch syn ûnderdrukkende bewâld makke er him as hearsker swak. De befolking wie slim teloarsteld yn Ukena. Al gau ûntstie yn it Brookmerlân ferset tsjin Ukena. It ferset waard grutter doe't in oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by Bremen op 'e non rûn. Under lieding fan de haadlingefamylje Sirksena út Greetsiel ûntstie yn 1430 it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen. Dat wie it begjin fan de hearskippij fan de Sirksena's dy't oant 1744 bestien hat.
Archeologyske fynsten
bewurkje seksjeYn 1845 waarden by wurksumheden oan 'e dyk fan Georgsheil nei Marijehaven, ter hichte fan Easterupgant/Skot, ferskillende minsklike skeletten en hynstebonken fûn. Sawol de minsklike as hynstebonken wienen hûnderten jierren âld. Der kin fêststeld wurde dat it resten binne fan de deaden út de Slach op de Wylde Ikkers.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |