De famylje Tom Brok (ek wol: tom Broke, tom Brook, tom Broek, ten Brok, ten Broke) wie in wichtige Fryske haadlingefamylje dy't oarspronklik út Norderlân kaam, it Brokemerlân. Hja hiene de hearskippij oer it Brookmerlân en oer it Auricherlân en besochten sûnt de twadde helt fan de 14e iuw it bewâld oer East-Fryslân te krijen, de machtstriid mei de famylje Abdena waard yn harren foardiel wûn. Yn de Grutte Fryske Oarloch spile it in wichtige rol, om 1435 wie it skaai útstoarn.

East-Fryslân om 1300 hinne
Wapen fan Tom Brok

De skiednis fan it laach

bewurkje seksje

It earst bekende lid út de skiednis fan dizze famylje is Keno Kenesna,[1]. Hy wurdt yn 1309 neamd as ien fan de trije foarnaamsten yn Norderlân. Oarspronklik wie it grûnbesit fan de famylje yn Brookmerlân net sa grut. Neikommelingen hawwe om 1347 hinne al it skouterjocht yn de parochys Uttum en Visquard, en de famylje wurdt rekkene ta ien mei de measte kwizekwânsje fan Emsigerlân en Norderlân. Yn Brookmerlân behearden de Tom Brok it Redgerhof yn Engerhafe en as besitters hienen sy it rjocht om rjocht te sprekken. In pakesizzer fan Keno Keno Hilmerisna waard úteinlik ta lieder keazen troch de haadlingen fan Brookmerlân. Hy wie de earste dy't him Tom Brok neamde. Yn 1361 late er de opposysje tsjin Edo Wiemken en yn 1371 waard er foar it earst neamd as oanfierder fan de haadlingen fan Brookmerlân. Fierders waard er om de fjouwer jierren ferkeazen ta ien fan de "Redjewen" fan Norderlân.

De soan fan Keno Okko I (om 1345–1391) wurdt oan it hof fan Napels ta ridder slein en wreidet syn besittings yn Norderlân fierder út. Yn 1379 waard troch him it Emsigerlân noardlik fan Emden, it Harlingerlân en it Auwerkerlân yn besit nommen. Yn de tiid dy't dêrop folget wurdt de state by Auwerk yn it Auwerkerlân it sintrum fan syn hearskippij. Yn 1381 akseptearet Okko de Hollânske greve Albrecht fan Beieren as Hear oer alle Fryske lannen. De Eastfriezen seagen dat as skeining fan harren frijheid en dêrom wurdt Okko by syn state fermoarde.

De widdo fan Okko, Quade Foelke hat yn earste ynstânsje it bewâld foar de ûnwettige soan Widzel, mar doe't Widzel sels beslisse mocht, nimt er de Fiktaaljebruorren ûnder Klaus Störtebecker op en bea har in frijhaven oan yn East-Fryslân. Widzeld stoar yn de tsjerke fan Detern (1399) op de brânsteapel setten troch krigers fan de aartsbiskop fan Bremen, de Greven fan Aldenboarch en oaren. Om 1400 hinne trede de Hânze op tsjin de Fiktaaljebruorren. De opfolger fan Widzelds is Keno II. De Hânze twinge him it ferbûn mei de seerôvers op te jaan. Hy ferslaat yn 1413 de Emder Haadling Hisko Abdena en wreidet syn hearskippij oer nei de westlike Fryslannen.

De lêste Tom Brok is syn soan Okko II. Dizze erft grutte stikken lân sadat er him haadling fan hiel East-Fryslân neame koe. Mei in oerwinning op de Friezen yn Westerlauwersk Fryslân fêstiget hy ek dêr syn bewâld. Hy behellet dizze oerwinning tegearre mei de oan him ferbûne haadling Fokko Ukena en hearsket oer Westerlauwersk Fryslân en Emden. Yn de tiid dy't dêrop folge komt it tusken Fokko Ukena en Okko Tom Brok ta in skeel, dy't oergiet yn iepentlike Oarlochfieren tusken beide. Okko wurdt twaris troch Fokko ferslein, earst yn 1426 yn de Slach fan Detern en dêrnei op 28 oktober 1427 op de Wylde Ikkers tusken Oldeborg en Mariënhafe. Okko waard nei Lier brocht en bleau fjouwer jierren finzen. Hy ferstoar yn 1435 machteleas as lêste fan syn laach.

De famylje Tom Brok

bewurkje seksje

Dizze famyljeleden binne haadling west:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Ernst Friedländer: Ostfriesisches Urkundenbuch I. Emden 1878, Urkunde Nr. 44, online unter URL: http://www.cartago.nl/content/view/61/87