Foelke Kampana

(Trochwiisd fan Quade Foelke)

Foelke Kampana (Hinte, om 1355 - Aurich, tusken 16 augustus 1417 en augustus 1419), ek wol Folkeldis Kampana, mei de bynamme Quade Foelke ('Kweade Foelke' eastfrysk plat 'Kwóóed Foelk'[1]), wie de frou fan de East-Fryske haadling Ocko I tom Brok. Fanwege har wreedheid wit men yn East-Fryslân noch wa't hja wie.

Monumint fan Foelke Kampana yn Dornum

Foelke wie in dochter fan Kempo fan Hinte, lieder fan Westerboach fan Hinte. Sy wie regintesse fan Aldenboarch, Brookmerlân, Auricherlân en Emsigerlân yn 1400 doe't har soan Keno II fuort wie en yn 1417 doe't har beppesizzer Ocko II noch minderjierrich wie. Foelke wie teffens Keno syn polityk adviseur oant syn dea yn 1417.

Houlik en bernBewurkje

Yn 1377 boaske Foelke Kampana oan Ocko I tom Brok, haadling fan Brookmerlân en Auricherlân. Sy krigen de folgjende bern:

  • Keno II tom Brok, boaske mei Adda Idzinga fan Norden
  • Tetta tom Brok, boaske mei Sibrand fan Loquard
  • Ocka tom Brok, boaske mei Lütet Attena fan Donum en Nesse

Foar dit houlik hie Ocko I tom Brok ek al in soan by in oare frou dêr't wy net fan witte, Widzel tom Brok. It wie yndertiid wenst dat bûtenechtlike bern oan eigen hof grutbrocht waarden.

Quade FoelkeBewurkje

Foelke Kampana krige de bynamme Quade Foelke yn 1397 troch ûnder oaren in famyljedrama, it ferneamste literêr beärbeide fan East-Fryslân: 'De soan fan de feroverer fan Norderburg'.

Lütet die syn wiif Ocka tom Brok dea om reden fan ûntrou en opstannigens, sa't it hjit op oanstean fan syn skoanmem. Dêrnei liet skoanmem Foelke Kampana har fan har sterke kant sjen en naam de boarch in skoft oer. Lütet en syn heit waarden fan Foelke ûnthalzge.

Skiedkundige Eggerik Beninga (1490–1562), besibbe oan de famylje Allena, dy't mei de famylje Tom Brok om de macht stride, hat yn tal legindes oer har ynbrocht yn syn Cronica der Fresen dy't fan gefolgen hiene dat sy in ikoan fan wredens waard. Guon fan de ferhalen lykje lykwols basearre op wiere misdieden dy't Keno II bedreaun hat, mar dy't op rekkening fan syn krigele mem kaam binne [2].

LiteratuerBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://oostfraeisk.org/Main.aspx?W=Foelke%20Kampana&df=de&fts=J
  2. Martha Kist, Kampana, Foelke yn Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland