Haadmenu iepenje
Tileman Dothias Wiarda

Tileman Dothias Wiarda (Emden, 18 oktober 1746Auwerk, 7 maart 1826) wie in East-Fryske skiedkundige, publisist en earste sekretaris fan it Ostfriesische Landschaft.

Neist in Ostfriesische Geschichte (1791) yn 10 dielen skreau er in Altfriesisches Wörterbuch (1786), in wurk oer de Dútske foar- en famyljenammen (Ueber deutsche Vornamen und Geschlechtsnamen) en twa âldfryske lânrjochten. Yn ferskate tydskriften ferskynden syn bydragen, benammen Over de kruistogten der Friezen naar Palestina, en oer mystika Antoinette Bourignon yn de Oost Friesche Mannigfaltigkeiten. Yn de Allgemeine litter. Anzeiger ferskynden fan him ûnder oaren stikken oer de yn Kampen en Ljouwert printe Oud-Friesche Landregten.

Hy wie lid tredde klasse fan it Keninklik Nederlânsk Ynstitút. Sa skreau er in skiedkundige beskôging fan de Lex. Frisionum antiqua yn 1811; wol printe, mar net yn'e hannel kaam. Neist lid fan in tal bûtenlânske genoatskippen, wie er ek lid fan it Grinzer genoatskip: Pro excolendo jure patrio. Fierders wie er yn tal fan funksjes nuttich foar syn heitelân en hie er in treflik útsochte bibleteek en in samling East-Fryske munten. Hy stoar as lânsyndikus en hofried op 7 maart 1826.

Hy troude op 11 septimber 1782 yn Auwerk mei Teelke Susanna de Pottere (1752-1800).[1]

LiteratuerBewurkje

  • Conv. Lexicon; Kobus en de Rivecourt, Kat. fan de Bibl. f. Ned. Letterk., D. II. sd. 155, 309, 365, 558, D. III. sd. 358, 570;
  • Familien-Nachrichten der Familie Wiarda, yn 1872 te Auwerk útbrocht troch syn bernsbern C.H. Wiarda, Obergerichts-Director, mei stambeammen.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Genealogy Wiarda