Kampen
Kampen is in stêd yn it noardwestlik diel fan de provinsje Oerisel. It is it grutste plak yn de omkriten en it bestjoerlik sintrum fan de gemeente mei deselde namme.
Kampen | ||
Iselkaai (2016) | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Kampen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 38.415 (2023) [1] | |
Oerflak | 68,35 km² dêrfan lân: 64,22 km² dêrfan wetter: 4,14 km² | |
Befolkingsticht. | 562 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Hânzeline, Kamperlyntsje N50, N307, N763, N764 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 34' NB, 54° 2' EL | |
Offisjele webside | ||
Side stêd Kampen | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de stêd yn Oerisel. Foar de gemeente dêr't dy stêd it haadplak fan is, sjoch: Kampen (gemeente).
Kampen krige yn 1236 stedsrjochten. De âlde hânzestêd leit tichteby de mûning fan de Isel yn de Iselmar en it Tsjetteldjip. De stêd leit foar it measte op in riviereneilân. Yn Kampen wurdt tradisjoneel Kampers praat, in fariant op it Sallânsk. It moderne stedhûs stiet oan it Boargepaster Berghuisplein.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak dêr't it hjoeddeiske Kampen leit wie om it jier 1150 hinne al houten bebouwing. De namme Kampen komt lykwols net earder as yn 1227 foar. Yn it gemeenteargyf wurdt noch in hânfêst fan 24 septimber 1251 bewarre weryn't Abel, kening fan Denen en hartoch fan Jutlân, de Ommelânfarders in privileezje jout. Kampen wie yn dy tiid al in wichtige stêd en hie in grutte float koggeskippen. Mei dy skippen waard de Ommelânfeart makke: de seereis om Denemark hinne nei de Eastsee. Dêr waard yn sâlt hannele, dat de Kamper koggen earder út Portugal hellen. Yn 1236 krige Kampen stedsrjochten, al is it hiel goed mooglik dat Kampen lykas Dimter, Stienwyk, Swol en Hasselt in stêd waard troch gewoanterjocht. It geunstige plak oan de drokke hannel tusken de Sudersee en de Ryn makke dat Kampen gaueftich fan ienfâldige delsetting útwoeks ta in rike hannelstêd en ien fan de machtichste stêden fan Noardwêst-Europa. Yn de 14e iuw ruilde Kampen mei biskop Jan fan Arkel de polder Mastenbroek tsjin it rjocht op groei yn de Iseldelte.
It fersânjen fan de Isel makke sûnt 1430 stadichoan in ein oan de wolstân fan Kampen. Lang hiene de Kampers gjin nocht oan in bûn mei ekonomyske en politike ferplichtings lykas dat yn 'e Hânze wenst wie. Mar doe't it greefskip Hollân yn in kriich mei de Hânze fersile rekke, waard de stêd twongen in kar foar ien fan beide partijen te meitsjen. Kampen wie tradisjoneel mear oriïntearre op de Eastseehannel en mei it efterlân fan de Ryn en dêrom keas Kampen foar it Hânzebûn. De stêd krige yn de Hânze in soad ynfloed: tsjin it sin fan oare stêden waard yn 1448 besletten ta de bou fan in brêge oer de Isel om mear bining te krijgen met it efterlân. It wurk eine tige hurd en yn mar fiif moannen tiid wie de brêge foltôge. Troch it rjocht op groei yn de Iseldelte wie de stêd eigner wurden fan it jimmeroan grutter wurdende Kampereilân. Sûnt 1500 waarden de eilannen ferpacht en de ynkomsten wiene sa heech, dat Kampen gjin belesting hoegde te heffen. De Frânsk-Nederlânske Kriich, doe't de Republyk tsjin it keninkryk Frankryk, Sweden, Münster, it aartsbisdom Keulen en it keninkryk Ingelân focht, soe in ein meitsje oan dy ûnbidich grutte macht fan de stêd.
Reformaasje
bewurkje seksjeOp 11 augustus 1572 waard Kampen troch Willem fan den Bergh, in sweager fan Willem fan Oranje, op de Spanjaarden oermastere. Nei de moardnerij fan Sutfen joech de stêd him op 15 novimber lykwols frijwillich oer oan de Spanjaarden. Yn 1578 krigen de Steatsen de stêd op 'e nij yn hannen nei it Belis fan Kampen ûnder lieding fan George van Lalaing.
19e-20e iuw
bewurkje seksjeIt duorre oant yn de 19e iuw dat de betsjutting fan de stêd wer wat grutter waard. Yn dy tiid wie Kampen oer de see dreech te berikken fanwegen de fersâning. De wetterrin fan de Isel wie earder al ferskillende kearen útbaggere, mar de kosten dêrfan wiene heech en yn in pear jier tiid slike de boel likegoed wer ticht. Fanwegen de feroarjende rin fan de Isel moast it wichtichste soal in pear kear ferlein wurde. Yn de 19e iuw liet de Kamper stedsarsjitekt Nicolaas Plomp damen oanlizze, sadat it wetter hurder troch it soal rinne koe en de rivier de wetterrin sels skjin spielde.
Foar 1839 liet Plomp strekdamen fan 2500 meter yn it Tsjetteldjip oanlizze, om it wetter in fêste útgong te bieden. Dêr kaam yn 1839 nochris 900 meter by. It materiaal foar de damen wie û.o. ôfkomstich fan de Kamper stedsmuorre, dy't yn dy tiid sloopt waard. Nije strjitten waarden oanlein en sânpaden waarden bestrjitte; der kamen bettere ferbinings mei Swol (1837), Genemuiden (1840) en Wezep (1851).
Fanwegen it geunstige belestingklimaat waard Kampen yn de 19e iuw in sintrum fan sigarefabriken. Fral de grutte Bremer sigarenfabrikant Lehmkuhl soarge der foar dat in soad minsken dêr harren jild fertsjinnen. Yn 1880 wurke likernôch de helte fan de befolking yn de sigare-yndustry. In soad wurk waard troch de arbeiders thús dien, mar doe't dat net mear mocht, yn de jierren 1930 de krisis oanbriek en de sigaret populêr waard, rekke de Kamper sigare-yndustry yn it neigean. Allinne de monumintale sigarefabryk 'De Olifant' oerlibbe dy tiid en produsearret ek hjoeddedei noch sigaren.
In oare grutte wurkjouwer healwei de 19e iuw wie de firma Berk, dy't pannen en oar keukenreau makke. It begriuw wie yn 1851 stifte en nei't it in opdracht krige fan it leger groeide it bedriuw mei faasje. Yn 1866 wurken der noch mar 8 minsken, mar yn 1913 wie dat tal al 700. Troch it bedriuw waarden ek nije en bettere hûzen boud foar de arbeiders.
Ferdigeningswurken
bewurkje seksjeKampen hie oarspronklik stedsmuorren om de hiele stêd hinne. Yn de 14e iuw waarden de muorren yn it ramt fan útwreidings ferlein. In diel fan de muorre is noch te sjen oan de Foarstrjitte. It stie de stêden mei de Fêstingwet fan 1874 frij om ferdigeningswurken te slopen om sa mear plak foar wenjen te meitsjen, mar Kampen die dat al yn de Frânske tiid. Yn 1809 frege de stêd oan Loadewyk Napoleon tastimming om de muorre oan de Iselkant ôf te brekken en krige dêrfoar permisje. Dielen fan de muorre oan de Iselkant bleaune bewarre troch't dêr yntusken wen- en pakhûzen tsjin oan boud wiene.
Yn 1812 waard ek útein set mei de sloop fan de muorre oan de kant fan it lân. In part fan it pún koe brûkte wurde foar de oanlis fan de damen yn it Tsjetteldjip. Alle lytse poarten en ek in pear grutte poarten binne doe ôfbrutsen: yn 1803 de Swannepoarte (Zwanenpoort), yn 1837 de op de brêge oanslutende Fiskpoarte (Vispoort), yn 1843 op de súdlike kant de Fenepoarte (Venepoort) en yn 1893 de Hagepoarte (Hagenpoort). De ôfbraak fan dy lêste poarte soe nedich west ha om romte foar stedsútwreiding te meitsjen, de werklike reden wie lykwols dat de goaten ferfongen wurde moasten en it jild der net wie. Kampen bleau nei de sloop fan de ferdigeningswurken likegoed noch in garnizoenstêd mei ferskillende kazernes fanwegen de strategyske lizzing oan de Isel, de Sudersee en by in brêge oer de Isel.
Teologyske Skoalle
bewurkje seksjeYn 1854 stifte de synoade fan Swol fan de Kristlike Ofskieden Grifformearde Tsjerke de Teologyske Skoalle yn Kampen. Yn 1892 fusearre dy tsjerke mei de Nederdútsk Grifformearden Tsjerken. De nije organisaasje hie no twa teologyske opliedings: de skoalle yn Kampen en de Frije Universiteit yn Amsterdam . Yn 1939 waard de namme feroare yn Teologyske Hegeskoalle. By de frijmakking yn 1944 bleau de FU yn hannen fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en waard de Teologyske Hegeskoalle yn twaën dield: de Teologyske Hegeskoalle Kampen (Bruorrewei; Broereweg) foar de synodale tsjerken en de Teologyske Hegeskoalle Kampen (Aldestrjitte; Oudestraat) foar de frijmakke tsjerken. Sûnt 1988 is de term 'Hegeskoalle' ferfongen troch Universiteit.
Yn maaie 2012 waard in rapport skreaun troch de Ried fan Tasicht fan de TU mei in útstel om de oplieding yn in gruttere universiteitsstêd mei al in universitêre teology-oplieding ûnder te bringen. De Rykuniversiteit Grins en de FU Amsterdam waarden dêrby neamd as opsjes. Yn septimber 2021 waard besletten om de Teologyske Universiteit yn de jierren 2022-2024 fasearre te ferhûzjen nei Utert om in bettere gearwurking mei oare opliedings mooglik te meitsjen. Dêrmei wie de TU de lêste ynstelling foar heger ûnderwiis, dy't út de eardere studintestêd Kampen ferhûze.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeKampen is sûnt 1975 in beskerme stedsgesicht en hat in grut tal ryksmonuminten en gemeentlike monuminten.
- De Koornmarktspoort oan de Iselkant is nei alle gedachten 14e-iuwsk.
- De Broederpoort' (1465) is in rjochthoekige poarte mei fjouwer hoektuorren; yn 1615 yn renêssânse styl ferboud.
- De Cellebroederspoort (1465) wurdt flankearre troch swiere rûne tuorren en is yn 1617 ek yn renêssânse styl ferboud.
- It eardere stedhûs (14e iuw); yn de skepeseal is in rike sânstiennen skou mei fykwurk yn renêssânse styl (1543–1545). It gebou hat tsjintwurich in museale funksje.
- De Nije Toer mei in kariljon (1648-1664).
- It Goatysk Hûs (1500).
- d' Olde Zwarver (stellingmûne út 1842).
- 'Olde Vleyshuis' (Ald Fleishûs; 1593)
- De Alde Bûtehaven mei it Skokkermonumint, dat de ûntromming fan de Skokkers yn 1859 betinkt dy't harren yn Brunnepe nei wenjen setten.
- De 'Stadsgehoorzaal' (in teäter út 1891)
- Stasjon Kampen' (in stasjonsgebou út 1911)
Tsjerken
bewurkje seksje- De goatyske Boppetsjerke ek: Sint-Nikolaastsjerke) is in krúsbasilyk út de 14e en 15e iuw.
- De Bruorretsjerke is in 14e-iuwske halletsjerke fan it eardere Fransiskaner kleaster. Yn de kleastergebouwen is in Ikoanenmuseum ûnderbrocht.
- De Us-Leaffrouwetsjerke is in 14e-iuwske krúsbasilyk.
Musea
bewurkje seksje- Stedelijk Museum Kampen
- Ikonenmuseum Kampen
- Museumboerderij Kampereiland
- Museum Stadsboerderij
- Het Speelgoedkabinet
- Huys der Kunsten
- Biermuseum Kampen
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Kampen | ||
---|---|---|
Stêden: Grafhorst • Kampen | ||
Doarpen: 's-Heerenbroek • IJsselmuiden • Reeve • Wilsum • Zalk | ||
Buorskippen: Bisschopswetering • De Heuvels • Hogeweg • Kampereiland • Kamperveen • Mastenbroek (foar in part) • Nieuwstad • Oosterholt • De Roskam • Veecaten • De Zande • Zuideinde (foar in part) | ||
Wetter: Drontermar (foar in part) • Ganzendiep • Goot • Isel • Ketelmar (foar in part) • Reevediep • Swarte mar (foar in part) • Vossemar (foar in part) | ||
· · |