Stasjon Kampen Súd

Stasjon Kampen Súd (Kpnz) is in stasjon oan de Hânzeline yn de stêd Kampen yn de provinsje Oerisel.

Stasjon Kampen Súd
station Kampen Zuid
Stasjon Kampen Súd yn 2012
Stasjon Kampen Súd yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Kampen
plak Kampen
adres Burgemeester Van Tuinenplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Kpnz
iepening 9 desimber 2012
boujier 2010
arsjitekt Tjerk van de Lune
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Hânzeline
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Kampen Súd (Oerisel)
Stasjon Kampen Súd

It stasjonsgebou kaam yn 2010 ree, en waard iepene op 9 desimber 2012 foar treinreizgers doe't it spoar fan de Hânzeline (Lelystêd Sintrum - Swol) oanlein wie. It ûntwerp fan it stasjon is kwa foarmjouwing ynspirearre troch stasjon Heemstede-Aerdenhout. It stasjon hat lykwols gjin bemande foarsjenningen. Der is in iepen stasjonshal ûnder de spoarline en perrons mei dêryn foarsjenningen as de kaartsje-automaten. Yn de hal binne de treppen en liften nei de perrons ta. De muorren binne oan de bûtenkant safolle mooglik útfierd mei bakstien. De súdkant fan de hal, de liften en de abry's lâns de perrons binne útfierd yn swartgriis lakt stiel en glês.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
12600 Intercity (NS) GrinsAssenSwolKampen SúdLelystêd SintrumAlmeare SintrumAmsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmeare SintrumAlmeare BûtenLelystêd SintrumKampen SúdSwol Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: