Stasjon Amsterdam Sloterdijk

Stasjon Amsterdam Sloterdijk (Ass) is in spoarweistasjon yn de stêd Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân en waard iepene yn 1983 oan de steatsline K (Amsterdam sintraal - De Helder) de Alde Line (Amsterdam sintraal - Rotterdam Sintraal) en de Westtak Ringspoarbaan (Amsterdam sintraal - Skiphol Airport).

Stasjon Amsterdam Sloterdijk
station Amsterdam Sloterdijk
Stasjon Amsterdam Sloterdijk yn 2006
Stasjon Amsterdam Sloterdijk yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Zaventemweg 1
arsjitektuer
stasjonskoade Ass
type Krússtasjon
iepening 29 maaie 1983
boujier 1986
arsjitekt H.C.H. Reijnders
oare ynformaasje
perrons 5
perronspoaren 10
spoarline Alde line
Steatsline K
Westtak Ringspoarbaan
metroline  50   51 
tramline  19 
offisjele webside
stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amsterdam Sloterdijk (Amsterdam)
Stasjon Amsterdam Sloterdijk

Fan 1890 oant 1905 bestie der oan de âlde line in halte Sloterdijk, destiids noch gemeente Sleat. Op 3 juny 1956 waard tichtby it doarp Sloterdijk oan de spoarline Amsterdam - Haarlem in foarstêdshalte iepene om in bettere oansluting fan de westlike stedswiken op it spoarnet te krijen.

Yn 1983 waard it earste part fan in nij stasjon iepene, noardwestlik fan de besteande lokaasje, oan de yn dat jier iepene omlizzing fan de spoarline fia de Hemtunnel nei Saandam. Dit stasjon krige tydlik de namme "Sloterdijk Noard" ta ûnderskieding fan it stasjon oan de âlde line, dat "Sloterdijk Súd" hjitte soe. Nei't yn 1985 ek nije rûte fan de âlde line fia Sloterdijk Noard ree kaam, waard it stasjon "Sloterdijk Súd" sletten en bleau it hjoeddeistige stasjon Sloterdijk oer.

Yn 1986 waard Sloterdijk in krusingsstasjon op twa nivo's doe 't ek de nijboude Westtak Ringspoarbaan nei Lofthaven Skiphol iepene waard. De arsjitekt fan it nije stasjon is Harry Reijnders.

Yn 1997 kaam ek de Ringline, metroline 50, nei Sloterdijk en krige syn einpunt by de Isolatorwei. Sûnt 3 maart 2019 wurdt dit stasjon ek oandien troch metroline 51, dy't fan dy datum ôf fan stasjon Súd nei Isolatorwei ferlein is.

Yn 2003] kaam súdwestlik fan it stasjon Sloterdijk de Hemboog ree, doe noch sûnder stopplak. De plande perrons wiene fuort besunige. Yn it ramt fan de plannen foar Regionet binneyn de jierren 2007 en 2008 dochs noch oanlein. It middenperron oan de Hemboog waard op 14 desimber 2008 yn gebrûk naam. It leit apart, op in pear hûndert meter ôfstân fan it haadgebou. Neffens it oarspronklike plan soe it in apart stasjon wurde Amsterdam Sloterdijk Hemboog. It waard lykwols offisjeel ûnderdiel fan stasjon Amsterdam Sloterdijk. Dit betreft de namme, de spoar nûmering (spoaren 9 en 10), de ôfreisteaten dy't yn beide parten alle treinen fermelde, en de 60 - minuteregel. Itselde jildt by de twa helten fan stasjon Amsterdam Muiderpoort.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven Sintraal's-HertogenboschUtert SintraalAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkAlkmar – (De Helder) Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2900 Intercity
(NS)
InkhuzenHoarnAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalUtert Sintraal's-HertogenboschEindhoven SintraalWeertRoermondSittardMaastricht Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3000 Intercity
(NS)
NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3900 Intercity
(NS)
InkhuzenHoarnAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalUtert Sintraal's-HertogenboschEindhoven SintraalWeertRoermondSittardHeerlen Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
4500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHoarnInkhuzen Rydt allinnich yn de spitsrjochting, rydt net op freed.
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leien Sintraal.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.
5400 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimZandvoort aan Zee Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim.
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: