Steatsline K
Steatsline K De Helder - Amsterdam | |
---|---|
Totale lingte | 80,8 / 83,3 km |
Spoarwiidte | normaalspoar 1435 mm |
Oanlein troch | Steat fan de Nederlannen |
Iepene De Helder - Alkmar: 20 desimber 1865 Alkmar - Uitgeest: 1 maaie 1867 Uitgeest - Saandam: 1 novimber 1869 Saandam - Amsterdam Willemspoarte: 15 maaie 1870 A'dam Willemspoarte - A'dam S.: 15 oktober 1887 | |
hjoeddeistige status | yn gebrûk |
Elektrifisearre De Helder - Alkmar: 1958 Alkmar - Amsterdam: 1931 | |
Tal spoaren De Helder - Skagen: 1 Skagen - Saandam: 2 Saandam - Amsterdam Sloterdijk: 3 Amsterdam Sloterdijk - Amsterdam Sintraal: 2 | |
Baanfakfaasje De Helder - Hearhugowaard: 140 km/o Hearhugowaard - Amsterdam: 130 km/o | |
Befeiliging of treinbeynfloeding | ATB EG |
Treintsjinst troch | NS |
Trajekt | |
Steatsline K is de neffens de "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken de stêden De Helder – Alkmar – Uitgeest – Saandam – Amsterdam. De spoarline hat trije spoarbrêgen oer wichtige kanalen: de Koegersbrêge oer it Noardhollânsk Kanaal by Koegras en by Alkmar (1865) en oer it Noardseekanaal by Saandam (Hembrêge, 1878). Lêstneamde brêge waard yn 1983 ferfongen troch de Hemtunnel. maaie it iepenstellen fan de Hemtunnel waard tusken Saandam en Amsterdam Westerdok in hiel nij trasee yn gebrûk naam, de âlde line waard súd fan it Noardseekanaal behâlden as havenspoarline.
Skiednis
bewurkje seksjeDe wichtichste redenen foar de oanlis fan de line wiene de befoarrieding fan de marinehaven yn De Helder en it ferfier fan fracht sadree 't it Noardhollânsk Kanaal yn de wintermoannen beferzen wie. Plannen foar in spoarline nei De Helder wiene der al langer, mar waarden net útfierd om 't de oerbrêging fan it IJ by Amsterdam te djoer achte waard. De spoarline waard úteinlik as ûnderdiel fan 'e earste steatsoanlis troch de Steat oanlein. De ferbining waard lykwols, yn tsjinstelling ta de oare steatslinen, net eksploitearre troch Steatsspoarwegen, mar troch de HSM.
De spoarline waard yn fjouwer fazen iepene:
Datum | Trajekt | Tuskenstasjons |
---|---|---|
20 desimber 1865 | De Helder - Alkmar | De Helder Súd, Anna Paulowna, Skagen, Hearhugowaard, Alkmar Noard |
1 maaie 1867 | Alkmar - Uitgeest | Heiloo, Castricum |
1 novimber 1869 | Uitgeest - Saandam | Krommenie-Assendelft, Wormerveer, Saandyk-Saanske Skâns, Koog oan de Saan |
15 maaie 1870 | Saandam - Amsterdam Willemspoarte | Amsterdam Sloterdijk |
- Op 15 oktober 1887 waard de line fan Amsterdam Willemspoarte trochlutsen nei it nije stasjon Amsterdam Sintraal. Stasjon Amsterdam Willemspoarte waard op dizze dei sletten, en oant it nije stasjon iepene waard yn 1889 stopten de treinen op it tydlike stasjon Amsterdam Westerdok.
Om't de brêge oer it IJ, ûnder oare troch de oanlis fan it Noardseekanaal, langer op him wachtsje liet, lei de HSM in spoarline oan tusken Uitgeest en Haarlim. Sa wie der fia de Alde line al yn 1867 treinferkear mooglik tusken De Helder en Amsterdam. De earste Hembrêge wie yn 1878 klear. Dat jier waard de spoarweiferbining tusken Amsterdam en Saandam yn gebrûk naam. De treinen tusken De Helder en Amsterdam bleaunen lykwols noch jierrenlang fan beide ferbiningen gebrûk meitsjen.
De spoarline tusken Amsterdam en Alkmar waard al yn 1931 elektrifisearre. It trajekt Alkmar - De Helder folge pas yn 1958. Mei de elektrifikaasje naam ek it tal streekrjochte treinen oer de hiele steatsline wer ta. Yn 1983 waard de hembrêge ferfongen troch de Hemtunnel. Hjirmei hearde wie in wichtich obstakel yn it skipfeart- en spoarweiferkear yn Amsterdam ta it ferline. De spoarline waard oer in lingte fan 8,5 kilometer ferlein. It âlde trasee oan Amsterdamske kant is noch altyd yn gebrûk as havenspoarline. It part oan de Saanske kant is opbrutsen. Yn 1996 is it tal spoaren op trajekt Skagen - Hearhugowaard fan ien nei twa ferdûbele. Tusken De Helder en Skagen leit noch altyd inkeldspoar, mei krusingsmooglikheden op elk stasjon.
Stasjonsgebouwen
bewurkje seksjeBy it âldste part fan 'e spoarline lâns ferskynden, krekt as by de oare steatslinen út 'e earste oanlisperioade, de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Alle stasjons ha de Twadde Wrâldkriich trochstien mar binne op it stasjon fan Alkmar nei, dochs allegear ôfbrutsen. Wichtige oarsaken wiene de hege ûnderhâldskosten en in weromrinnend tal aktiviteiten binnen sa 'n grut gebou. It stasjon fan Alkmar waard dan net ôfbrútsen mar is al meardere kearen yngreven ferboud.
Stasjon | Type gebou | Opmerkingen | |
---|---|---|---|
De Helder | type SS tredde klasse | gebou ôfbrutsen yn 1958, en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.J. van der Grinten, om't it gemeente bestjoer it stasjon 600 meter woe ferpleatse sadat de stêd net langer yn yn twaen dield waard troch it spoar. | |
De Helder Súd | NS, Abry | ||
Koegras | Lyts gebouke | Stasjon sletten yn 1938 | |
Breezand | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938 | |
Anna Paulowna | type SS fiifde klasse | 1e stasjonsgebou yn 1971 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma | |
Oudesluis | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1950, stasjon sletten yn 1938 | |
Skagen | type SS fiifde klasse | 1e stasjonsgebou yn 1967 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma. | |
Skagerwaard | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1932, stasjon sletten yn 1931 | |
Zijdewind | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938 | |
Noard Skarwâlde | type SS fiifde klasse | gebou ôfbrutsen yn 1954, stasjon sletten yn 1938 | |
Hearhugowaard | type SS fiifde klasse | 1e stasjonsgebou yn 1967 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma. 2e stasjonsgebou yn 1989 bûten gebrûk steld en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt R.M.J.A. Steenhuis. 2e stasjonsgebou is hjoeddedei yn gebrûk as snackbar. | |
St. Pancras | Lyts gebouke | gebou ôfbrutsen yn 1968, stasjon sletten yn 1938 | |
Alkmar Noard | unyk ûntwerp | ||
Alkmar | type SS tredde klasse | Meardere kearen yngreven ferboud | |
Heiloo | lyts gebouke | 1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen, 2e stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. | |
Onze Lieve Vrouwe ter Nood | Gjin | stasjon sletten yn 2013 | |
Castricum | type SS fiifde klasse | 1e stasjonsgebou yn 1969 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. 2e stasjonsgebou yn 2020 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. | |
Uitgeest | Unyk projekt | 1e stasjonsgebou yn 1969 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. 2e stasjonsgebou yn 2003 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. | |
Den Ham | Gjin | Stasjon sletten yn 1887 | |
Krommenie-Assendelft | type Hoogezand | 1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma, yn 2008 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J. Eulderink, om't it stasjon 400 meter is ferpleatst. 3e stasjonsgebou is hjoeddedei yn gebrûk as cafe. | |
Wormerveer | type Hoogezand | 1e stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma fergelikber mei Stasjon Krommenie-Assendelft. | |
Saandyk-Saanske Skâns | type Hoogezand | 1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1976 ofbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. | |
Koog oan de Saan | Standerttype Vierlingsbeek | 1e stasjonsgebou yn 1986 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. | |
Saandam | type Hoogezand | 1e stasjonsgebou yn 1983 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt P.A.M. Kilsdonk, om't it stasjon 300 meter is ferpleatst. | |
Noorder IJdijk | Gjin | stasjon sletten yn 1909 | |
Hembrug | Lyts gebouke | stasjon sletten yn 1982, gebou ferpleatst en wurd hjoededei brûkt has túnhûs. | |
Amsterdam Petroleumhaven | Gjin | stasjon sletten yn 1902 | |
Spaarndammerdijk-Houthaven | Gjin | stasjon sletten yn 1900 | |
Amsterdam Sloterdijk | unyk ûntwerp | ||
Amsterdam Willemspoarte | unyk ûntwerp | gebou ôfbrutsen yn 1878, stasjon sletten yn 1878 | |
Amsterdam Westerdok | Houten gebou | gebou ôfbrutsen yn 1889, stasjon sletten yn 1889 | |
Amsterdam Sintraal | unyk ûntwerp |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Steatslinen | ||
---|---|---|
Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal) | ||
· · |