Steatslinen
De steatslinen binne tsien Nederlânske spoarlinen, neffens de wet fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan 'e Nederlannen oanlein. Dizze 10 spoarlinen hawwe elk in letter krigen.
Steatslinen
bewurkje seksjeLine | Iepene | Lingte | Trajekt | Linekaart |
---|---|---|---|---|
Steatsline A | 1865 | 166,9 km | Arnhim - Ljouwert | |
Steatsline B | 1863 | 127,6 km | Harns Haven - Bad Nijeskâns | |
Steatsline C | 1870 | 76,9 km | Meppel - Grins | |
Steatsline D | 1865 | 59,6 km | Sutfen - Glanerbrug | |
Steatsline E | 1863 | 180,5 km | Breda - Maastricht | |
Steatsline F | 1863 | 74,4 km | Roosendaal - Flissingen | |
Steatsline G | 1866 | 5 km | Venlo - Kaldenkirchen | |
Steatsline H | 1868 | 60,3 km | Utert Sintraal - Boxtel | |
Steatsline I | 1866 | 49,4 km | Breda - Rotterdam Delftsche Poort sûnt 1957 Rotterdam Sintraal |
|
Steatsline K | 1865 | 83,3 km | De Helder - Amsterdam Sintraal |
Skiednis
bewurkje seksjeYn de earste desennia fan spoarweioanlis yn Nederlân wie dit benammen op partikulier inisjatyf. Allinnich de spoarline Amsterdam Weesperpoor – Utert Sintraal – Arnhim, ûnderdiel fan de spoarline Amsterdam – Elten (Rhijnspoorweg), wie op inisjatyf fan de Steat oanlein tusken 1843 en 1845. Oant yn de fyftiger jierren fan de 19e iuw wiene in pear haadspoarlinen oanlein, mar neffens de lannen deromhinne wie der ûnderwilens in grutte efterstân ûntstien. Dêr wiene al grutte spoarweinetten oan it ûntstean, wylst yn Nederlân de oanlis stagnearre.
It kabinet-Rochussen tsjinne yn 1860 in wetsfoarstel yn oangeande de oanlis en eksploitaasje fan de Noard- en Suderspoarwei. Dit waard troch de Earste Keamer fersmiten, wêrnei't it kabinet foel. It kabinet waard opfolge troch it Kabinet-Van Hall-Van Heemstra dat der wol yn slagge in Spoarweiwet ta stân te bringen. Der kaam dêrtroch spoarweioanlis fan steatswegen, wylst de wize fan eksploitaasje letter by wet regele wurde soe.
De Steatsline K waard yn eksploitaasje jûn oan de al besteande HSM. Foar de eksploitaasje fan de oare linen waard op 26 septimber 1863 yn De Haach in partikulier bedriuw oprjochte: de Maatschappij tot Exploitatie van Staatsspoorwegen, koartwei Steatsspoarwegen (SS).
Sjoch Ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Steatslinen | ||
---|---|---|
Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal) | ||
· · |