Stasjon Grins
Stasjon Grins (Gn) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Grins, en waard iepene yn 1866. It leit besuden de binnenstêd, krekt oer it Ferbiningskanaal.
Stasjon Grins Station Groningen | ||
Stasjon Grins yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Grins | |
plak | Grins | |
adres | Stationsplein 28 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Gn | |
type | Kopstasjon | |
iepening | 1 juny 1866 | |
boujier | 1863 1e stasjonsgebou 1865 2e stasjonsgebou 1896 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1865 1e stasjonsgebou 1894 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1863 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1865 Karel Hendrik van Brederode 2e stasjonsgebou 1865 Isaac Gosschalk 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18691 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 11 | |
spoarline | Steatsline B Steatsline C Grins - Delfsyl | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeBy de iepening fan de spoarline nei Ljouwert kaam in in houten stasjonsgebou yn gebrûk, krekt bûten de doetiidske fêsting. Dit wie in houten gebou omdat der in bouferbod jilde yn ferbân mei it skoatsfjild.
Dizze wurd letter ferfongen troch in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldocht hjirmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet.
De fêstingwet waard yn 1874 oanpast, en it 1e stasjonsgebou út 1865 waard yn 1894 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It nije stasjonsgbou is in ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk. It ûntwerp wie in mingeling fan renêssânse- en goatyske styleleminten, dat resultearre yn in rykfersierd stasjonsgebou, mei in heech middenpart, twa lege fleugels elk mei in eingebou, en waard op 16 april 1896 iepene.
Yn 2019 waard begûn mei in ferbouwing fan de it stasjonsgebied en oanpassing fan de perrons.[1]
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
500 | Intercity (NS) | Rotterdam Sintraal – Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol – Assen – Stasjon Grins | |
700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins | |
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
32600 | Nachttrein (Arriva)[2] | Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
8100 | Sprinter (NS) | Swol – Meppel – Assen – Grins | |
RS 6 20100 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – Lier | Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is. |
RE 1 37300 |
Flugge trein (Arriva) | Ljouwert – Feanwâlden – Bûtenpost – Súdhorn – Grins | Stoppet 2x yn it oere yn Feanwâlden en ôfwikseljend yn Bûtenpost en Súdhorn. |
RS 1 37400 |
Stoptrein (Arriva) | Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – Grins | Jûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins. |
RS 6 37500 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns |
RS 4 37600 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Roodeschool – Iemshaven | Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven |
RS 5 37700 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Delfsyl | |
RS 7 37800 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Súdbroek – Feandam | |
RS 7 37900 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Rydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|