Stasjon Súdhorn
Stasjon Súdhorn (Zh) is in spoarweistasjon tusken yn it Nederlânske doarp Súdhorn yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.
Stasjon Súdhorn station Zuidhorn | ||
Stasjon Súdhorn yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
plak | Súdhorn | |
adres | Stationsweg 2a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Zh | |
iepening | 1 juny 1866 | |
boujier | 1863 1e stasjonsgebou 1976 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1975 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1863 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1976 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline B | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Súdhorn wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1869 waard der oan de linkerkant in fleugel oanboud, yn 1891 kaam der oan de rjochterkant in selde fleugel 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1975 ôfbrútsen en yn 1976 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as hoarekagelegenheid.
Stasjon Súdhorn krige yn 2020 in kearspoar en in tredde perron foar de pindeltrein tusken Súdhorn en Grins.[1]
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 1 37400 |
Stoptrein (Arriva) | Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – Grins | Jûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins. |
RE 1 37300 |
Flugge trein (Arriva) | Ljouwert – Feanwâlden – Bûtenpost – Súdhorn – Grins | Stoppet 2x yn it oere yn Feanwâlden en ôfwikseljend yn Bûtenpost en Súdhorn. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|