Stasjon De Westereen

Stasjon De Westereen (Dwe) is it stasjon fan De Westereen. It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins (Line B) en wurdt betsjinne troch Arriva.

De Westereen
bouwurk
Stasjon De Westereen, sjoen yn de rjochting nei Bûtenpost
Stasjon De Westereen, sjoen yn de rjochting nei Bûtenpost
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Flagge fan Dantumadiel.png Dantumadiel
plak Zwaagwesteinde vlag.svg De Westereen
koördinaten 53° 14' 54" NB, 6° 2' 9" EL
bysûnderheden
type bouwurk Spoarstasjon
boujier 1885
sloopjier 2003 (gebou)
arsjitekt Koen van der Gaast
wei of spoar Spoar fan Ljouwert nei Grins
kaart
Stasjon De Westereen (Spoarstasjons yn Nederlân)
Stasjon De Westereen

Sûnt 1885 stoppe der yn De Westereen twa kear deis in trein en stie der in ienfâldich stasjonsgeboutsje, mar yn maaie 1902 waard it in offisjeel stasjon en waard it ienfâldige gebouke ferfongen troch in echt stasjonsgebou, dat yn 1952 sloopt waard.

Yn 1955 waard in nij gebou set neffens in ûntwerp fan spoararsjitekt Koen van der Gaast, dat lykwols yn 2003 sloopt en ferfongen waard troch in abry.

Ein fan de 20e iuw is it spoar ferdûbele en lizze de perrons foar elkoar oer. De line line wurdt eksploaitearre troch Arriva, dy't der mei de WINK-treinen rydt.

TreintsjinstenBewurkje

 
Stasjon De Westereen, doe noch offisjeel "Zwaagwesteinde" yn 1955
Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster
Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - sneins: 1x it oere nei 21:00 (2022)*

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

BustsjinstenBewurkje

Line Rûte Undernimmer Opmerking
770 Sweagerbosk - De Westereen Arriva Skilbus
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stasjon De Westereen fan Wikimedia Commons.
Spoarstasjons yn Fryslân  
AkkrumBûtenpostDeinumDryltsDronrypFeanwâldenFrjentsjerGrou-JirnsumHarnsHarns-HavenIt HearrenfeanIt Hearrenfean-IisstadionHylpenHurdegarypKoudum-MolkwarLjouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● MantgumSnitsSnits-NoardStarumWarkumDe WestereenWolvegea