Spoarstasjons yn Fryslân
De Spoarstasjons yn Fryslân lizze oan seis spoarlinen, wêrfan de trije noardlike spoaren bûten gebrûk steld binne en foar in part sloopt.
SkiednisBewurkje
De spoarstasjons binne foar in grut part yn de 19e iuw oanlein. Der binne spoarlinen fan de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS), Hollânske Izeren Spoarwei-Maatskippij (HSM) en de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS).
Maatskippij ta Eksploitaasje fan SteatsspoarwegenBewurkje
- Yn 1863 waard de spoarline Ljouwert-Frjentsjer-Harns iepene. Dizze line waard yn de jierren dêrnei ferlinge nei Grins (Steatsline B).
- Op 15 jannewaris 1868 kaam it ûnderdiel fan Steatsline A Meppel-It Hearrenfean klear en op 1 septimber folge it lêste ûnderdiel It Hearrenfean-Ljouwert. Dit ferbûn Fryslân mei de rest fan Nederlân.
Hollânske Izeren Spoarwei-MaatskippijBewurkje
Noard-Fryske Lokaalspoarwei-MaatskippijBewurkje
- Eastlike takke. Yn 1901 (Spoar fan Ljouwert nei Eanjum). Sûnt 1997 is dy bûten gebrûk.
- Westlike takken
ArsjitektuerBewurkje
De Spoarweimaatskippijen lieten spoarstasjons bouwe dy't yndield waardem neffens in bepaalde klasse.
Maatskippij ta Eksploitaasje fan SteatsspoarwegenBewurkje
De stasjonsgebouwen waarden meestal neffens in standaardtype boud:
- 3e klasse: Harns, It Hearrenfean en Ljouwert (letter wizige)
- 4e klasse: Bûtenpost, Frjentsjer, Feanwâlden en Wolvegea
- 5e klasse:
- normaal type: Dronryp, Grijpskerk en Hurdegaryp
- grut type: Akkrum, Grou-Jirnsum
Allinnich de stasjonsgebouwen fan Ljouwert, Harns en Wolvegea bestean noch. De oare gebouwen binne sloopt en waarden ferfongen troch in wachthok. Op It Hearrenfean kaam wol in nij stasjonsgebou.
Noard-Fryske Lokaalspoar-MaatskippijBewurkje
- 1e klasse: Sint Jabik, Stiens, Tsjummearum
- 2e klasse: Blije, Ternaard
- 3e klasse: Doanjum, Hijum, Ljussens, Mitselwier, Froubuorstermole, Winaam
List fan hjoeddeiske stasjonsBewurkje
Stasjon | Jier | Ald bouwurk | Nij bouwurk |
---|---|---|---|
Akkrum | 1868 | ||
Bûtenpost | 1866 | ||
Deinum | |||
Dronryp | 1863 | ||
Drylts | 1885 | ||
Feanwâlden | 1866 | ||
Frjentsjer | 1863 | ||
Grou-Jirnsum | 1868 | ||
Harns | 1863 | n.f.t. | |
Harns Haven | 1863 | ||
It Hearrenfean | 1868 | ||
Hylpen | 1885 | ||
Hurdegaryp | 1866 | ||
Koudum-Molkwar | 1885 | ||
Ljouwert | 1863 | n.f.t. | |
Ljouwert-Kammingabuorren | 1991 | n.f.t. | |
Mantgum | 1883 | ||
Snits | 1883 | n.f.t. | |
Snits Noard | 1973 | n.f.t. | |
Stasjon Starum | 1885 | ||
Stasjon Warkum | 1885 | ||
De Westereen | 1866 | n.f.t. | |
Stasjon Wolvegea | 1868 | n.f.t. |
List fan eardere stasjonsBewurkje
Spoarstasjons yn Fryslân | |
---|---|
Akkrum ● Bûtenpost ● Deinum ● Drylts ● Dronryp ● Feanwâlden ● Frjentsjer ● Grou-Jirnsum ● Harns ● Harns-Haven ● It Hearrenfean ● It Hearrenfean-Iisstadion ● Hylpen ● Hurdegaryp ● Koudum-Molkwar ● Ljouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● Mantgum ● Snits ● Snits-Noard ● Starum ● Warkum ● De Westereen ● Wolvegea |