Stasjon It Hearrenfean

Stasjon It Hearrenfean is in spoarstasjon op It Hearrenfean oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. It oarspronklike spoarweistasjon fan It Hearrenfean wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode, en waard iepene op 15 jannewaris 1868.

Stasjon It Hearrenfean
bouwurk
Stasjon It Hearrenfean (2009)
Stasjon It Hearrenfean (2009)
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Heerenveen flag.svg It Hearrenfean
plak It Hearrenfean
bysûnderheden
type bouwurk Spoarstasjon
boujier 1868 werboud 1983
sloopjier 1983
arsjitekt J.A. van Belkum
wei of spoar Steatsline A
Spoar fan Swol nei Ljouwert
offisjele webside
www.ns.nl/stationsinformatie/hr/heerenveen
kaart
Stasjon It Hearrenfean (It Hearrenfean)
Stasjon It Hearrenfean
Stasjon It Hearrenfean om 1971 hinne.

Yn 1982 waard it hjoeddeiske stasjonsgebou ûntwurpen troch Jan van Belkum. Dat waard yn 1983 boud ta ferfanging fan it âlde gebou út 1867. No sitte it trein- en busstasjon ûnder deselde oerkaping. Yn 1984 waard it stasjon iepene en yn 1985 krige it de Brunel Award, in designpriis foar it spoarbedriuw.

FerbiningenBewurkje

Yn de tsjinstregeling fan (2008) stopje op stasjon It Hearrenfean de folgjende treinsearjes:

  • 2900 Stoptrein Ljouwert – It Hearrenfean – Wolvegea (spitstrein, iens yn 't oere)
  • 10500 Intercity Ljouwert – It Hearrenfean – Stasjon SwolStasjon AmersfoartStasjon Utert-Sintraal - Rotterdam Sintraal (iens yn 't oere)
  • 10700 Intercity Ljouwert - It Hearrenfean – Swol – Amersfoart – Skiphol (iens yn 't oere, stoppet tusken Ljouwert en Swol op alle stasjons). Yn de moarn- en jûnspits rydt de intercity nei Amersfoart troch nei Utert Sintraal - Gouda - Rotterdam Alexander - Rotterdam Sintraal ynstee fan nei Skiphol.

P+RBewurkje

Der binne twa parkearterreinen by it stasjon:

  • eastlik (sintrum) fan it spoar: grut parkearterrein
  • westlik (wyk Nijehaske) fan it spoar: 200 parkearplakken.

GaleryBewurkje

Spoarstasjons yn Fryslân  
AkkrumBûtenpostDeinumDryltsDronrypFeanwâldenFrjentsjerGrou-JirnsumHarnsHarns-HavenIt HearrenfeanIt Hearrenfean-IisstadionHylpenHurdegarypKoudum-MolkwarLjouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● MantgumSnitsSnits-NoardStarumWarkumDe WestereenWolvegea