Stasjon Meppel
Stasjon Meppel (Mp) is it spoarweistasjon fan Meppel, yn de Nederlânske provinsje Drinte. It is in wichtich tuskenstasjon fanút Ljouwert en Grins. Stasjon Meppel is it drokste stasjon fan de provinsje Drinte. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo, en is ien fan de trije stasjons dy't yn dizze klasse boud is, en iennichste fan dit type dy't bewarre bleaun is.
Stasjon Meppel station Meppel | ||
Stasjon Meppel yn 2017 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Meppel | |
plak | Meppel | |
adres | Stationsweg 70 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mp | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 oktober 1867 | |
boujier | 1866 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 508721 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline A Steatsline C | |
6342 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It stasjonsgebou kaam yn 1866 ree, en waard iepene op 1 oktober 1867 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A fanôf Swol. Yn 1868 kaam ek de ferbining Meppel – It Hearrenfean – Ljouwert ree, wêrmei't de Fryske haadstêd in streekrjochte spoarferbining mei de rest fan Nederlân krige. Yn 1870 kaam ek de Steatsline C klear, dêr't sawol Drinte, Grinslân as Fryslân oer it spoar fia Meppel mei Swol ferbûn wiene.
Sûnt dy tiid hawwe dizze ferbiningen de wichtichste skeakels west yn it treinferkear fan en nei it noarden fan Nederlân. Oan it stasjon fan Meppel is yn 'e rin fan 'e jierren net folle feroare, sadat it noch foar in grut part yn oarspronklike steat is. Yn 2016 waard it stasjonsgebou yn de orizjinele gielbrune kleurstelling wersteld, nei jierrenlang folslein wyt west te hawwen.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
600 | Intercity (NS) | Ljouwert – Meppel – Swol – Amersfoart Sintraal – Utert-Sintraal – Rotterdam Sintraal | In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800. |
1800 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert | |
12600 | Intercity (NS) | Grins – Assen – Meppel – Swol – Lelystêd Sintrum – Almere Sintrum – Amsterdam Sintraal | Alinne freedtenachts |
8100 | Sprinter (NS) | Swol – Meppel – Assen – Grins | In healoeretsjinst |
9000 | Sprinter (NS) | Ljouwert – Meppel – Swol | Riid jûns en yn it wykein allinne tusken Ljouwert en Meppel (1x yn't oere). |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|