Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen

Tusken 1860 en 1873 waarden lâns de troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarlinen tal fan stasjonsgebouwen neffens in standertmodel boud. Fan 1863 ôf waarden de measte eksploitearre troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS), allinnich de line Den Helder - Amsterdam kaam by de HIJSM yn eksploitaasje. De stasjons waarden boud troch de oerheidstsjinst Rykswettersteat, hja prate dan ek wol fan "Wettersteatstasjons". Standerdisaasje hie as doel it ferheegjen fan it boutempo en it goedkeaper bouwen, mar beäntwurde tagelyk oan de winsk om de útstrieling fan de gebouwen lâns it spoar te uniformearjen. De yndieling yn klassen gie oer de grutte fan it stasjon. De klasse wie relatearre oan it tal ynwenners fan it plak dêr 't it stasjon komme soe. It type SS earste klasse wie it grutste model, bestimd foar gruttere provinsjestêden. Type SS fiifde klasse wie it lytste model. De arsjitekt wie de spoarwei-ynzjenieur Karel Hendrik van Brederode. Alline it ûntwerp fan it type SS earste klasse wie fan arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk.

Oersjoch fan de gebouwen

bewurkje seksje
Type Tal boud Noch oanwêzich
SS Earste Klasse   2
* Doardt
* Swol
2
* Swol
* Doardt
SS Twadde Klasse   1
* Sutfen
0
Ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich
SS Tredde Klasse
It stasjon SS tredde klasse bestie út in langhalich gebou mei in hege middenrisalyt fan twa ferdjippingen. Under hiene de doarren en finsters fan 'e middenrisalyt en de wjukken rûnbôgen, op 'e earste ferdjipping fan 'e risalyt wiene dat segmintbôgen.
  9

5
* Alkmar
* Harns
* Ljouwert
* Middelburch
* Wynskoat
SS Fjirde Klasse
It stasjon SS fjirde klasse bestie út in rjochthoekich gebou fan twa ferdjippingen. De sydgevels en it middendiel hiene puntgevels. Yn it middendiel wiene trije rûnbôgefinsters.
  16

7
* Delden
* Goor
* Lochem
* Oisterwijk
* Roermond
* Scheemda
* Wolvegea
SS Fyfde Klasse
It stasjon SS fyfde klasse bestie út in middendiel mei twa koarte wjukken. Sawol it middendiel as de wjukken hiene in puntgevel. De beide wjukken sprongen oan de strjitkant justjes en oan de perronkant hurd werom. De measte fan dizze stasjons binne om 1914 -1915 hinne fergrutte troch it middendiel te ferheegjen en lege sydwjukken oan te bouwen.
  41

9
* Echt
* Horst-Sevenum
* Kapelle-Biezelinge
* Krabbendijke
* Kruiningen-Yerseke
* Laren-Almen
* Markelo
* Reuver
* Swalmen
Tredde Klasse fernijde útfiering
(type Hengelo)
  3

1
* Meppel
Tredde Klasse fernijde útfiering
(type Hoogezand)
  10

1
* Súdbroek
"Fjirde klasse" wizige útfiering
(type Sâltbommel)
  7

2
* Arnemuiden
* Vught
"Fyfde klasse" Wizige útfiering
(type Houten)
  6

1
* Houten
Fêstingwet stasjonsgebou
In laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint.
  8

0