Stasjon Wynskoat (Ws) iepene op 1 maaie 1868, is in stasjon yn de Nederlânske stêd Wynskoat yn de provinsje Grinslân. Oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).

Stasjon Wynskoat
station Winschoten
Stasjon Wynskoat yn 2017
Stasjon Wynskoat yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Stationsweg 23
arsjitektuer
stasjonskoade Ws
iepening 1 maaie 1868
boujier 1868
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline B
2.619 (2009)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Wynskoat (Grinslân)
Stasjon Wynskoat

It waard yn gebrûk naam op 1 maaie 1868 mei de iepening fan Steatsline B. Dy line wurdt tsjintwurdich eksploitearre troch Arriva. It stasjon heart ta de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. Fan de fiif noch oanwêzige stasjons fan it Type SS tredde klasse binne der trije bylâns Steatsline B, It giet dêrby om Stasjon Harns (1863), Ljouwert (1863) en Wynskoat (1865). De fjirde stiet oan Steatsline F en dat is stasjon Middelburch (1870) en de fiifde noch besteande stasjon is stasjon Alkmar (1865). Yn tsjinstelling ta de stasjons fan Ljouwert en Alkmar, dy't letter yngeand ferboud waarden, en dy fan Alkaar sels net mear te werom te kennen is as in stasjon fan it type tredde klasse, is it stasjon fan Wynskoat noch foar in grut part yn de âlde steat. It gebou is ûntwurpen troch de yngenieur Karel Hendrik van Brederode.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 6
20100
Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekWynskoatBad NijeskânsWeenerLier Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.
RS 6
37500
Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekWynskoatBad Nijeskâns Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns.
RE 6
37900
Sneltrein (Arriva) GrinsWynskoatBad Nijeskâns Rydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: