Stasjon Lier is in spoarweistasjon yn de East-Fryske stêd Lier.

Stasjon Lier
Bahnhof Leer (Ostfriesland)
Stasjon Lier yn 2007
Stasjon Lier yn 2007
lokaasje
lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Lier (East-Fryslân)
plak Lier
adres Bahnhofsring 8
arsjitektuer
stasjonskoade HLEE
3609
type Bf
iepening 20 juny 1856
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 3
spoarline Oldenburg - Leer
Hamm - Emden
Grins - Leer
offisjele webside
bahnhof.de
kaart
Stasjon Lier (Nedersaksen)
Stasjon Lier

Skiednis bewurkje seksje

Yn it jier 1854-1855 krige Lier in eigen stasjon, doe 't de stêd op de Hannoversche Westbahn fan Emden nei Rheine oansletten waard. Op de plannen tusken de jierren 1852 en 1855 hie de Hannoverse arsjitekt Conrad Wilhelm Hase ynfloed, mooglik ek Adolf Funk. It postkantoar kaam by de nijbou yn en iepene hjir ek it earste telegraafstasjon, mar ferhuze yn 1885-1886 nei in eigen gebou by it stasjon. De spoaroansluting nei Oldenburg en dêrmei nei Bremen folge op 15 juny 1869 en omfette 55,01 kilometer. Op 26 novimber 1876 waard de line nei Nijeskâns (26 km) yn bedriuw naam. Yn 1955 iepene it sintrale busstasjon (Zentrale Omnibusbahnhof, ZOB). Yn 1992 waard de spoarline Lier - Oldenburg elektrifisearre.

Oant yn 2015 beskikte stasjon Leer net oer roltreppen of liften, wêrtroch't it foar reizgers mei in rolstoel, bernewein, fyts, of swiere bagaazje dreech wie om de perrons te berikken. Njonken de renovaasje fan de perrons en de besteande tunnel, waard de tunnel útwreide mei liften.

Arsjitektuer bewurkje seksje

It hjoeddeistige, twa ferdjippingen symmetryske haadgebou út 1855 bestiet út fiif dielen. It gebou is ûntwurpen neffens it histoarisme, mei rûnbôgen. Op de foar- en efterkant soargje op elke ferdjipping trije rûnbôgefinsters tusken pilasters foar ljocht yn it gebou. De lege tusken gebouwen hawwe ien ferdjipping oan de strjitkant, oan de spoarkant binne der twa ferdjipingen. De haadyngong is yn in lytse útbou oan de foarkant fan it gebou.

Treinferbinings bewurkje seksje

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
IC 34 Intercity (DB) Norddeich – Emden – Lier – Lingen (Ems) – Münster (Westf) – Hamm – Unna – Siegen – Wetzlar – Frankfurt am Main rydt ienris yn 'e twa oeren
IC 35 Intercity (DB) Norddeich – Emden – Lier – Lingen (Ems) – Münster (Westf) – Recklinghausen – Oberhausen – Duisburg – Düsseldorf – Köln – Koblenz
IC 56 Intercity (DB) Norddeich – Emden – Lier – Oldenburg (Oldb) – Bremen – Hannover – Braunschweig – Magdeburg – Halle (Saale) – Leipzig
RE 1 Regional-Express (DB Nord) Norddeich – Emden – Lier – Oldenburg (Oldb) – Bremen – Verden (Aller) – Nienburg (Weser) – Neustadt am Rübenberge – Hannover rydt ienris yn 'e twa oeren
RE 15 Regional-Express (WFB) Emden Hbf – Lier – Papenburg (Ems) – Aschendorf – Dörpen – Lathen – Haren (Ems) – Meppen – Geeste – Lingen (Ems) – Leschede – Salzbergen – Rheine – Emsdetten – Greven – Münster (Westf) Hbf
RS 6 Stoptrein (Arriva) Grins – Súdbroek – Bad Nijeskâns – Weener – Lier Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stiken is.
Tsjinstregeling fanôf: 12 desimber 2021

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: