Karel Hendrik van Brederode
Karel Hendrik van Brederode (Haarlim, 11 desimber 1827 – Dimter, 19 septimber 1897) wie in Nederlânske yngenieur, dy't bekend is as de arsjitekt fan in grut tal treinstasjons yn Nederlân yn de perioade 1860 oant 1890.
Wurkpaad
bewurkje seksjeVan Brederode wurke an 1843 oant 1853 foar de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM) en fan 1860 oant 1880 foar de Steatsspoarwegen, dêr't er ferantwurdlik wie foar it ûntwerp fan de Standertstasjons, ek bekend as Wettersteatstasjons om't se troch de oerheidstsjinst Rykswettersteat boud waarden. Yn 1882 waard er direkteur fan de Koninklijke Nederlandsche Locaalspoorweg-Maatschappij (KNLS), dy't spoarlinen oanlei en eksploitearre yn Gelderlân en Oerisel, en sadwaande ferantwurdlik foar de oanlis fan stasjons fan it Standerttype KNLS. Fan 1890 ôf wie er kommissaris fan de KNLS. De measte fan de stasjons binne ôfbrutsen.
Inkelde fan de noch besteande oan Van Brederode taskreaune Steatsspoar-stasjons hawwe de status fan ryksmonumint:
- Stasjon Harns (1863)
- Stasjon Ljouwert (1863)
- Stasjon Hout (1868)
- Stasjon Scheemda (yn Eexta) (1868)
- Stasjon Vught (1868)
- Stasjon Wolvegea (1868)
- Stasjon Arnemuiden (1872)
- Stasjon Goor (1865)
- Station Laren (Gld) (1865)
- Stasjon Holten (1888)
- Stasjon Rijssen (1888)
Wurk
bewurkje seksjeKar út:
-
Stasjon Ljouwert
-
Stasjon Arnemuiden
-
Stasjon Beekbergen (KNLS)
-
Stasjon Heerhugowaard (om 1880)
-
Stasjon Echt (1986)
-
Stasjon Velp (± 1906)
-
Stasjon Roermond (2015)
-
Stasjon Swalmen (2009)
-
Stasjon Kapelle-Biezelinge (2010)
-
Stasjon Kruiningen-Yerseke (2008)
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|