Stasjon Laren-Almen
Stasjon Laren-Almen (Lr) is in earder stasjon oan de Steatsline D yn Laren yn de gemeente Lochem yn de provinsje Gelderlân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is en ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Stasjon Laren-Almen station Laren-Almen | ||
Stasjon Laren-Almen yn 2018 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Lochem | |
plak | Laren | |
adres | Zutphenseweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Lr | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1865 | |
sluting | 15 maaie 1938 | |
boujier | 1863 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0262/LCH310 | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Steatsline D | |
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1865 ree en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1914 is oan de linkerkant in fleugel oanboud en krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjon waard sletten yn 1938. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei partikulier besit.
Namme
bewurkje seksjeBy de iepening hjitte it stasjon, stasjon Harkelbrug, ferneamd nei de brêge oer de Harfense Beek. Letter waard de namme stasjon Laren-Almen. Yn 1925 feroare it Ministearje fan Wettersteat mei yngong fan de nije tsjinstregeling de namme yn stasjon Laren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|