Stasjon Harns waard yn gebrûk nommen op 27 oktober 1863 tagelyk mei de iepening fan it spoar HarnsLjouwert. Dat wie it twadde troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûk nommen spoar. Yn 1866 waard de line ferlinge nei Grins. It wie in diel fan de troch de Steat fan de Nederlannen oanleine Line B, fan Harns nei Nijeskâns (klear yn 1868).

Stasjon Harns
Stasjon Harns
Stasjon Harns
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Harns
plak Harns
arsjitektuer
stasjonskoade Hlg
type type SS tredde klasse
iepening 14 oktober 1863
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 20669
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline B
Stasjon efterside, perrons
Stasjon efterside, perrons
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Harns (Harns)
Stasjon Harns
Lokaasje fan stasjon Harns

It stasjon fan Harns is ien fan de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw.

Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan it type SS tredde klasse steane trije oan it spoar Harns – Nijeskâns, it giet om de stasjons Harns (1863), Ljouwert (1863) en Wynskoat (1865).

Yn tsjinstelling mei it stasjon fan Ljouwert, dat letter yngreven ferboud waard, is it stasjon fan Harns noch foar it grutste part yn âlde steat. De boppeferdjipping is in wente, wylst de rest fan it gebou leech stiet.

Yn 1904 kaam der fan Harns út noch in twadde spoar yn noardlike rjochting ta stân. Dat waard it spoar fan de Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS), yn Stiens ferbûn mei it Dokkumer lokaaltsje, dat oer Stiens de ferbining Ljouwert Dokkum fersoarge. De ferbining mei Harns waard yn 1938 opheft en opbrutsen.

Stasjon Harns wurdt tsjintwurdich (2008) betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed). 600 meter bewesten Stasjon Harns is it werklike begjin-/einpunt fan it spoar: Stasjon Harns Haven. Dy halte bestiet út ien perron mei ien spoar dêr't de treinen oanslute op de fearboaten nei Skylge en Flylân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stationsweblink
  • H. Romers - De Spoorwegarchitectuur in Nederland, 1841-1938, Sutfen 1981
  • C. Douma - Stationsarchitectuur in Nederland, 1938-1998, Sutfen 1998
  Spoarstasjons yn Fryslân  
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke
  ·   ·