Stasjon Bûtenpost
Stasjon Bûtenpost (Bp) is it stasjon fan it plak Bûtenpost, dat bestiet sûnt 1866. It stasjonsgebou út 1864 waaard yn 1973 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, ûntwurpen troch yr. Cees Douma.
Bûtenpost | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Stasjon Bûtenpost yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 53° 15' 23" NB, 6° 8' 42" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Spoarstasjon | |
subtype | Standerttype Douma | |
boujier | 1866 1973 (hjoeddeistich gebou) | |
arsjitekt | Cees Douma | |
wei of spoar | Spoar fan Ljouwert nei Grins | |
kaart | ||
It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins en wurdt betsjinne troch Arriva.
Bûtenpost is de ienige stop fan de ien kear yn 't oere ridende flugge trein tusken Ljouwert en Grins. Dêrby stoppet er twa kear yn 't oere in stoptrein tusken Ljouwert en Grins.
Simmerdeis, fan maaie oant septimber, ride der freeds en sneons twa treinen deis tusken Lier yn East-Fryslân en Harns. Dy saneamde Inselzuge (eilântreinen) binne benammen ornearre foar Dútske toeristen en reizgje makliker nei de Waadeilannen Flylân en Skylge. Dy Inselzuge binne troch Arriva yn syn tsjinstregeling opnommen, nei't dy út de tsjinstregeling helle waarden omreden de spoarfernijing op it Dútske trajekt Nijeskâns - Lier.
TreintsjinstenBewurkje
Rûte | Tsjinst | Undernimmer | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
Ljouwert - Grins | Stoptrein | Arriva | 2x it oere - 1x it oere nei 21:00 en sneins |
Ljouwert - Grins | Flugge trein | Arriva | 1x it oere |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Oar iepenbier ferfierBewurkje
- Streekbus 12: Bûtenpost - Stiensgea - Surhuzum - Surhústerfean - Boelensloane - De Houtigehage - Drachtsterkompanije - Drachten
- Streekbus 62: Bûtenpost - Kollum - Aldwâld - Westergeast - De Triemen - Kollumersweach - De Westereen - Feanwâlden (- Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert (busstasjon))
- Streekbus 63: Bûtenpost - Kollum - Kollumerpomp - Ingwierrum - Ie - Jouswier - Mitselwier - Wetsens - Dokkum (busstasjon)
- Buertbus 101: Koatstertille - Twizel - Bûtenpost - Gerkeskleaster - Strobos - Eibersburen (Grl) - Lytsegast (Grl) - Gruttegast (Grl)
- Linetaksy 561: Damwâld - Wâlterswâld - Driezum - Feankleaster - Bûtenpost
Keppeling om utensBewurkje
Spoarstasjons yn Fryslân | |
---|---|
Akkrum ● Bûtenpost ● Deinum ● Drylts ● Dronryp ● Feanwâlden ● Frjentsjer ● Grou-Jirnsum ● Harns ● Harns-Haven ● It Hearrenfean ● It Hearrenfean-Iisstadion ● Hylpen ● Hurdegaryp ● Koudum-Molkwar ● Ljouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● Mantgum ● Snits ● Snits-Noard ● Starum ● Warkum ● De Westereen ● Wolvegea |