Stasjon Grou-Jirnsum
Stasjon Grou-Jirnsum is in spoarstasjon fan de Nederlânske Spoarwegen tusken Grou en Jirnsum oan it spoar Swol – Ljouwert. It stasjon waard iepene op 1 septimber 1868. Op 30 maaie 1999 waard de oarspronklike stasjonsnamme Grouw-Irnsum oanpast oan de nije Fryske stavering fan 1989.
It earste stasjonsgebou bestie fan 1867 oant 1879, doe't it ferfongen waard troch in nijer, heger gebou. Dat waard yn 1976 op syn beurt ferfongen troch in moderner, ienfâldiger bouwurk.
FerbiningsBewurkje
- Ien kear yn it oere de yntercity nei Swol – Amersfoart – Schiphol, dizze stoppet oant Swol op alle stasjons. Yn de moarns- en jûnsspits rydt dizze yntercity nei Amersfoart troch nei Utert Sintraal - Gouda - Rotterdam Aleksander - Rotterdam Sintraal ynstee fan nei Schiphol.
- Ien kear yn it oere de yntercity nei Ljouwert.
- Yn de spits ekstra stoptreinen Ljouwert-Wolvegea v.v.
Sjoch ekBewurkje
Spoarstasjons yn Fryslân | |
---|---|
Akkrum ● Bûtenpost ● Deinum ● Drylts ● Dronryp ● Feanwâlden ● Frjentsjer ● Grou-Jirnsum ● Harns ● Harns-Haven ● It Hearrenfean ● It Hearrenfean-Iisstadion ● Hylpen ● Hurdegaryp ● Koudum-Molkwar ● Ljouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● Mantgum ● Snits ● Snits-Noard ● Starum ● Warkum ● De Westereen ● Wolvegea |