Stasjon Hurdegaryp
Stasjon Hurdegaryp is it spoarstasjon yn it doarp Hurdegaryp. It stasjon waard iepene op 1 juny 1866 en leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It oarspronklike stasjonsgebou, út 1863, waard yn 1964 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeiske, ienfâldich útfierde stasjonsgebou.
Op 30 maaie 1999 waard de eardere stasjonsnamme Hardegarijp oanpast oan de sûnt 1989 offisjele Fryske namme.
Searje | Treintype | Rûte | Materiaal | Frekwinsje |
---|---|---|---|---|
37400 | Arriva Stoptrein | Grins - Súdhorn - Grijpskerk - Bûtenpost - De Westereen - Feanwâlden - Hurdegaryp - Ljouwert Camminghabuorren - Ljouwert | Stadler Spurt | 2 kear yn 't oere, 1 kear yn 'e oere op snein |