Standerttype Vierlingsbeek

It Standerttype Vierlingsbeek is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren fyftich en sechstich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1956 boud yn Vierlingsbeek, dêrom de namme.

Stasjon Hurdegaryp

W.B. Kloos wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. It prototype fan dit stasjonsgebou ferriisde yn 1956 yn Vierlingsbeek. Kloos ûntwurp dit type sadanich dat de plattegrûn fan it gebou hieltyd neffens winsk oan 'e pleatslike situaasje oanpasse wurde koe en dat de ûnderlinge opinoarfolging fan 'e romten mei ûnderskate funksjes wizige wurde koe. It skelet fan it gebou soe dêrom út in rige betonnen portalen bestean dat nei ferlet ynfolle wurde koe mei de ferskate funksjes. Dizze foarm fan betonskeletbou mei inselde soarte betonportalen waard ek tapast troch arsjitekt Koen van der Gaast by de stasjons Eindhoven en Vlaardingen East, dy 't yn itselde jier as Vierlingsbeek klear kamen. De seis betonportalen, elk 4,50 meter breed, waarden op in ûnderlinge ôfstân fan 4 meter, dwers op de lingterjochting fan de spoarline op perronhichte pleatst en foarmen sa in stramyn fan fiif like grutte romten.

Stasjons fan it type Vierlingsbeek

bewurkje seksje

Tal boud: 12, tal noch oanwêzich: 7.

Stasjon boud Opmerkingen
Vierlingsbeek   1956 Yn 2004 ôfbrutsen
Almelo de Riet   1957 Pân yn gebrûk as snackbar
Wezep   1957 Yn 2002 ôfbrutsen
Doetinchem West   1959 Pân yn gebrûk as stoffearderij
Koog Bloemwijk   1959 Yn 1986 ôfbrutsen
Wijlre-Gulpen   1959 ûnderdiel fan museumspoorline miljoeneline, en it pân is yn gebrûk as snackbar.
Blerick   1960 Yn 2001 ôfbrutsen
Kerkrade Sintrum   1960 Yn 1995 ôfbrutsen
Soest Súd   1963
Hurdegaryp   1964 Pân is yn gebrûk as jongereinsintrum
Bovenkarspel-Grootebroek   1965 Pân is yn gebrûk as winkel
Hoogkarspel   1965 Pân is yn gebrûk as kapsalon