Stasjon Bad Nijeskâns
Stasjon Bad Nijeskâns (Nsch) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bad Nijeskâns yn de provinsje Grinslân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).
Stasjon Bad Nijeskâns station Bad Nieuweschans | ||
Stasjon Bad Nijeskâns yn 2016 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
plak | Bad Nijeskâns | |
adres | Stationsstraat 23 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Nsch | |
iepening | 1 novimber 1868 | |
boujier | 1867 | |
sloopjier | 1973 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline B Bunde - Lier (Wiederline) | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Bad Nijeskâns wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It gebou yn Bad Nijeskâns wie grutter as de oare tolve stasjons fan de searje om 't hjir in grut gebou mei dûanefasiliteiten njonken it eigentlike stasjon siet.
It stasjon waard yn 1973 ôfbrútsen, mar der kaam net in nij stasjonsgebou foar werom, alline in tal abry's.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 6 20100 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – Lier | Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is. |
RS 6 37500 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns. |
RS 7 37900 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Wynskoat – Bad Nijeskâns | Rydt inkeld yn 'e spits en rydt 1 kear deis troch nei Bad Nijeskâns |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|