De Wiederline ek wol Wunderline neamd is de namme fan in treintsjinst tusken Grins yn de Nederlânske provinsje Grinslân en Lier yn it Dútske East-Fryslân. De Wiederline hat in lingte fan 64,7 kilometer. De line is in gearstalling fan it Nederlânske trajekt Grins - Bad Nijeskâns en it Dútske trajekt Bunde - Lier.

Yn 2015 rekke de Friezebrêge oer de Iems swier skansearre troch in oanfarring wêrtroch minstens oan 2024 gjin treinferkear mooglik is tusken Grins en Lier. De treinen ride oant doe net fjirder as Weener. Yn de takomst is it doel om de Wiederline troch te lûken oant Bremen.

Dit artikel is in stobbe oer in bouwurk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.