Steatsline B

Steatsline B is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken Harns en Bad Nijeskâns.

Steatsline B

SkiednisBewurkje

Steatsline 162-B wie ûnderdiel fan 'e earste steatsoanlis fan spoarwegen yn Nederlân. De spoarline soarge foar in ferbining fan de haven fan Harns mei de noardlike provinsjehaadstêden en it Dútske efterlân. It út trije parten besteande trasee waard fan west nei east oanlein en fasearre iepene:

Datum Traject Tuskenstasjons
27 oktober 1863 Harns-Haven - Ljouwert Harns, Frjentsjer, Dronryp, Deinum
1 juny 1866 Ljouwert - Grins Kammingabuorren, Hurdegaryp, Feanwâlden, De Westereen, Bûtenpost, Grypskerk, Súdhorn
1 novimber 1868 Grins - Bad Nijeskâns Grins Europapark, Kropswolde, Martenshoek, Hoogezand-Sappemeer, Súdbroek, Scheemda, Wynskoat
26 novimber 1876 Stasjon Bad Nijeskâns – Dútske grins

Harns as skeakel tusken Ingelân en JeraazjeBewurkje

 
0 km beaken fan Steatsline B (wyt buordsje) by Stastjon Harns Haven

De spoarline Harns - Dútslân slút by de grins oan op de spoarline nei it Dútske Ihrhove. Steatsline B waard oanlein om in goede ferbining tusken Ingelân en Noard-Dútslân mooglik te meitsjen. Fan grut ynternasjonaal belang waard de spoarline lykwols nea.

Al yn 1845 wiene der plannen Harns troch it spoar mei it Jeropeeske netwurk te ferbinen. Yn 'Hollân', de hjoeddeiske ' Rânestêdlike regio's ', wie fan 1839 ôf mei Ingelsk kapitaal in spoarline oanlein tusken Amsterdam en Rotterdam. Yn 1845 feriene fjouwer ynzjenieurs harren mei-inoar: de Delfsylster bruorren Balkema en de Waalske neven Xavier Tarte en Castllion Du Portail. Dizze groep betocht in pan-Jeropeeske spoarferbining tusken Spanje en Sint-Petersburch. De haven fan Harns wie yn dat ferbân foarsteld as 'skeakel tusken Ingelân en Jeraazje'. Harns wie om 1845 - 1860 hinne better te berikken oer see as Amsterdam en Rotterdam. Harns hie lykwols lang net de -polityk/finansiering -stipe dy 't dy stêden hiene. Dêrby liet de provinsje Fryslân it foar de haven fan Harns ôfwitte.

Der folge in tsiental kear Harns mei it Jeropeeske en it Nederlânsk nasjonale spoarwegenet te ferbinen.

De Noarder Spoarwei MIJBewurkje

Om 1855 hinne rjochten de manlju Sprenger en Heemstra de saneamde 'De Noarder Spoarwei MIJ' op. Dat soe in trochgeande spoarferbining fan Harns fia Swol en Oldenzaal nei it Dútske spoarknooppunt Salzbergen wêze moatte. In tal grutformaat skriften mei tige detaillearre tekeningen binne bewarre bleaun. It Kabinet-Van Hall-Van Heemstra wit de spoarweikwestje dêr't it eardere Kabinet-Rochussen oer fallen wie, op te lossen. Der waard yn 1860 besletten ta spoarweioanlis 'Fan Rykswege', wylst de wize fan eksploitaasje letter by wet regele wurde soe. Harns krige dêrby in kâns him op it Jeropeesk spoarwegenet oan te sluten. De oanlis begûn mei de line Harns - Ljouwert yn 1863. Yn 1876 kaam de oansluting op it Dútske spoarnet ta stân. De trochgeande ferbining út Ingelân wei fia de haven fan Harns is nea ta stân kaam.

SpoarferdûbelingBewurkje

De trije trajekten fan 'e line waarden oarspronklik alhiel mei in inkeld spoar oanlein. It stik Grins – Súdbroek waard yn 1913 ferdûbele. Yn 1914 folge it baanfak Súdbroek – Wynskoat. Yn 1942 waard it twadde spoar tusken Súdbroek en Wynskoat troch de NS lykwols wer opbrutsen en waarden de materialen oan de Dútske besetter beskikber steld foar it Eastfront. Yn 1998 waard it trajekt Gryptsjerk - Feanwâlden ferdûbele. It wie oarspronklik de bedoeling om it baanfak Grins - Ljouwert yntegraal te ferdûbeljen, mar dêrfoar ûntbrutsen de middels. Der binne noch altyd plannen om de rest fan it trasee Ljouwert-Grins dochs noch te ferdûbeljen.

StasjonsgebouwenBewurkje

Lykas by de oare steatslinen del ferskynden ek lâns steatsline B benammen de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen.

Yn Grins waard earst in tydlik stasjonsgebou boud. Yn 1870 waard it needgebou ferfongen troch in leech gebou dat foldie oan de Fêstingwet. It gebou moast dêrtroch leech en rap ôfbrekber wêze. Troch it nije ferdigeningsplan út 1874 mochten ferskate fêstingstêden, wêrûnder Grins, ek bûten de fêsting bouwe. Yn 1896 waard dan ek it nije grutte rykfersierde stasjonsgebou yn gebrûk naam.

Fiif jier earder krigen de stopplakken Fisfliet en Sappemeer East in stasjonsgebou út in nije generaasje fan lytse standertstasjons. Yn Kropswolde is nei de iepening fan de spoarline mar in lyts haltegeboutsje oanwêzich. Dêr waard yn 1915 in stasjonsgebou fan in hiel unyk ûntwerp boud. Yn 1955 krige ek De Westereen in folweardich stasjonsgebou.

Yn de jierren 60, 70 en begjin jierren 80 waarden yn it hiele lân in grut tal foaroarlochske stasjonsgebouwen sloopt. Wichtige oarsaken binne de hege ûnderhâldskosten en in weromrinnend tal aktiviteiten binnen sa 'n grut gebou. Ek lâns Steatsline B ferdwûnen dy jierren de measte stasjonsgebouwen. Allinnich de stasjonsgebouwen fan Harns, Ljouwert, Grins, Kropswolde, Súdbroek (diels), Scheemda en Wynskoat bliuwe besparre.

Utsein de monumintale stasjonsgebouwen is der noch in wichtich oantinken oan de histoarje fan Steatsline B lâns de line werom te finen: In Bad Nijeskâns stiet noch de eardere lokomotyfloads út 1876.

Stasjon Type gebou Opmerkingen
Harns Haven Lyts geboutsje ôfbrútsen
  Harns type SS tredde klasse Yn it pân is in restaurant en kringloopwinkel fan in wolwêzen organisaasje fêstige.
  Frjentsjer type SS fjirde klasse Yn 1973 ôfbrútsen
  Dronryp type SS fyfde klasse Yn 1973 ôfbrútsen
  Deinum Lyts geboutsje Yn 1973 ôfbrútsen
  Ljouwert type SS tredde klasse
Alddiel gjin
  Tytsjerk Lyts geboutsje Yn 1950 ôfbrútsen
  Hurdegaryp type SS fyfde klasse Yn 1964 ôfbrútsen
  Feanwâlden type SS fjirde klasse Yn 1973 ôfbrútsen
De Westereen Lyts geboutsje Yn 1952 ôfbrútsen
Wyldpaad gjin
Feankleaster-Twizel Gjin
  Bûtenpost type SS fjirde klasse Yn 1973 ôfbrútsen
Fryslân/Grinslân
  Fiskfliet type Fiskfliet Yn 1983 ôfbrútsen
  Grypstsjerk type SS fyfde klasse Yn 1881 ôfbrútsen
  Súdhorn type SS fyfde klasse Yn 1975 ôfbrútsen
Den Horn Lyts geboutsje
Hoogkerk-Vierverlaten lyts geboutsje Yn 1984 ôfbrútsen
  Grins ûntwerp fan Isaac Gosschalk
Westerbroek Lyts geboutsje Yn 1930 ôfbrútsen
Kropswolde Lyts geboutsje Yn 1915 ôfbrútsen
  Martenshoek Lyts geboutsje yn 1970 ôfbrútsen
  Hoogezand-Sappemeer type SS tredde klasse Yn 1989 ôfbrútsen
Sappemeer East type Fiskfliet Yn 1973 ôfbrútsen
Scholten Lyts geboutsje ôfbrútsen
  Súdbroek fernijde útfiering type SS tredde klasse Yn it pân is it Noardnederlansk Trein & Tram Museum festige.
  Scheemda type SS fjirde klasse It pân is as kantoargebou yn gebrûk
Hilligerlee Lyts geboutsje ôfbrútsen
  Wynskoat type SS tredde klasse
Ulsda Lyts geboutsje Yn 1930 ôfbrútsen
  Bad Nijeskâns type SS tredde klasse Yn 1973 ôfbrútsen
Grinslân/East-Fryslân

EksploitaasjeBewurkje

De spoarline waard lykas de measte spoarlinen út de earste steatsoanlis fan 1863 ôf eksploitearre troch de Maatskippij oant Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen. Fan 1917 oant 1999 waard de tsjinst útfierd troch de Nederlandse Spoorwegen. Yn 1999 binne de trije trajekten iepenbier oanbestêge as ûnderdiel fan de Noardlike Njonkenlinen.

Skiednis fan de tsjinstregelingBewurkje

 
Dútske trein fan de tsjinst nei Lier op stasjon Grins

Hoewol 't it de bedoeling wie dat de spoarline in wichtige skeakel wurde soe tusken Ingelân en Noard-Dútslân, hawwe oer de hiele steatsline mar in bytsje trochgeande treinen riden. Utsûndering hjirop binne de saneamde Inselzüge dy 't simmerdeis rjochtstreeks út Dútslân wei nei Harns rieden om dêr oansluting te bieden op de fearboaten nei Flylân en Skylge.

Nei de befrijing waard wer begûn mei in hânfol tsjinsten en lange reistiden. Om 1950 hinne kin der wer sprutsen wurde fan oeretsjinsten tusken Harns en Ljouwert, en Ljouwert en Grins. Tusken Grins en Wynskoat waard ek in oeretsjinst riden, in soad fan dy treinen ride troch nei Bad Nijeskâns. Dy oeretsjinst waard oanfolle mei in pear ekstra stoptreinen tusken Grins en Súdbroek.

Fan 1954 ôf rieden der wer passazjierstreinen fan Bad Nijeskâns rjochting Lier. Dy makken fjouwer jier letter plak foar inkelde streekrjochte treinen tusken Grins en Dútslân dy't yn Nederlân faak allinnich stopje yn Hoogezand-Sappemeer, Wynskoat en Bad Nijeskâns. Dy treinen hiene bestimmingen as Lier, Oldenburg en Bremen. Fan maaie 1960 oant maaie 1961 ried ien fan dy treinen Amsterdam – Grins – Bremen en werom.

Fan 1972 ôf waard tusken Harns en Ljouwert in konsekwinte healoerestsjinst ynfierd. Dêrby waard ien kear yn de oere Deinum oerslein. Benammen yn de wykeinen yn de simmer ride hieltyd mear treinen fan en nei Harns Haven. Fan 1991 ôf soene guon treinen alle dagen tusken Harns Haven en Ljouwert ride. Fiif jier letter krigen hast alle treinen Harns Haven as begjin- en einpunt. Tusken Ljouwert en Grins waard yn 1970 in folsleine healoeretsjinst ynfierd. Yn 1991 waard stasjon Fiskfliet sletten om yn de tsjinstregeling plak te meitsjen foar de nije foarstêdshalte Ljouwert-Kammingabuorren. Dêr stopje alle treinen dy 't tusken Grins en Ljouwert ride. Troch de komst fan it twadde spoar tusken Feanwâlden en Grypstsjerk yn 1998 koe de frekwinsje fan de treinen tusken Ljouwert en Grins ferhege wurde. Yn maaie 1998 waard yn de brede spits dan ek in flugge treintsjinst tusken beide stêden ynfierd. Dy treinen hâlde allinnich yn Bûtenpost op en dogge mar 38 minuten oer it hiele trajekt.

Tusken Grins en Wynskoat waard yn 1970 ek in konsekwinte healoere tsjinst ynfierd. Ien kear yn de oere wurdt trochriden nei Bad Nijeskâns. Boppedat rieden der fan 1970 ôf alle dagen noch altyd trije flugge treinen nei Bremen. De jûnstsjinst rydt troch nei Hannover– Braunschweig. De middeistsjinst - ynfierd yn maaie 1964 - begûn yn Bad Nijeskâns en waard yn 1976 opheft. De moarnstsjinst rydt fan 1980 ôf troch nei Hannover. Fan 1985 ôf, waard de treintsjinst ynkoarte oant Oldenburg, dêr 't oansluting is op de IC's " Oldenburg-City " nei Bremen - Hannover, foar reizgers út Nederlân taslachfrije treinen. Yn 1987 waard der in tredde slach ynfierd, dy ’t fan/oant Lier rydt. Dy ekstra slach ried it earste jier allinnich fan juny oant septimber, dêrnei it hiele jier troch. Fan 1991 ôf waard de tsjinst foar (hast) alle ritten ynkoarte oant Lier. Dy waarden nei de oanbesteging fan 1999 opheft.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: