Tramwei Drachten - Grins
"Philipsline" is de bynamme fan de tramwei Grins – Drachten. De tramwei is yn 1913 oanlein troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM). De lingte wie 43 kilometer.
Yn Drachten sleat de line oan op de tramwegen nei Feanwâlden en It Hearrenfean. Yn 1947 naam NS de tramwei oer fan NTM, yn 1948 de eksploitaasje, wêrby’t tagelyk it persoaneferfier staakt waard. Yn 1949 naam NTM de tramwei oer fan NS, yn 1956 naam NS de line wer oer.
Letter toande it Philips-fabryk yn Drachten ynteresse yn de net-brûkte tramwei as transportrûte foar de leverânsje fan fracht (it Philipsfabryk waard yn 1951 yn it ramt fan de wurkgelegenheid yn Drachten oprjochte). Der waard noardlik fan Drachten in ferbiningsspoar oanlein dat oansleat op it lyntsje. Philips wie op 't lêst de ienige klant fan NS op dizze line.
It frachtferfier gie troch oant 1985. Dêrnei is de tramwei bûten gebrûk steld. Nei de sluting woe de Nederlânske Feriening fan Belangstellenden yn it Spoar- en tramweiwêzen (NFBS) noch in rit oer dit spoar meitsje. De NS wegere, om't "ticht" ek "ticht" wie. Lykwols makke letter dat jier in Waadrinner de allerlêste rit oer it spoar. Yn de trein sieten skoalbern dy’t it reiske lang foar de slutingsdatum boekt hiene. Yn 1988 is it trajekt folslein opbrutsen. De line wie de lêste NTM-line fan Nederlân dy’t sluten is.
Der hawwe plannen west om de line op 'en nij te aktivearjen, tusken Grins en De Like, as fluchtramferbining.
Op 20 juny 2013 is de disellokomotyf NS 662 by in útrinner fan it eardere spoar oan de Lange West yn Drachten set. De lok is eigendom fan de Stichting Spoorverleden Drachten.
Line
bewurkje seksjeOan de line leine: Grins, Peize, Roan, De Like, Tolbert, Nybert, Mearum, De Folgeren, Drachten. De line gie dwers troch de sintrums fan De Like en Roan.
Haltes
bewurkje seksje(net folslein)
- Philips - Drachten
- Drachten
- Hotel Vreewijk - De Folgeren
- Drachtster Kompenije
- Luchtenfjild
- Trimunt
- Mearum
- Kafee De Krúswei - Mearum
- Kafee Klaassens - Nuis
- Nuis
- Niebert
- Kafee De Unie - Tolbert
- De Like
- Kafee Bulthuis - Nietap
- Roan
- Peize
- Peizermade - Peize
- Dyk - Heechtsjerk
- Feiling Eendracht
- Grins
- Stasjon Grins
-
In Spurt fan Arriva. Op de foargrûn in oerbliuwsel fan de tramline nei Drachten.
-
Alde spoarbrêge fan de Philipsline oer it Oude Diep eastlik fan Roan
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philipslijn fan Wikimedia Commons. |