Tolbert is in plak yn it Westerkertier yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. Yn 2019 hiene Tolbert en it bûtengebiet fan it doarp 4.455 ynwenners.[2]

Tolbert
Herfoarme tsjerke Tolbert (2011)
Herfoarme tsjerke Tolbert (2011)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 4.455 (2023) [1]
Oerflak 12,74 km²
dêrfan lân: 12,61 km²
dêrfan wetter: 0,14 km²
Befolkingsticht. 350 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A7, N372, N979
Postkoade 9356
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Kaart
Tolbert (Grinslân)
Tolbert

Tolbert leit op in deksânrêch, dy't fan west nei east troch it Westerkertier rint en wêrop ûnder oaren ek Mearum en Midwolde lizze. Tolbert wurdt oan de east- en súdkant beheine troch it doarp de Like, oan de noardkant troch de A7 en oan de westkant troch de Tolberterfeart. It doarp hjitte earder Oldebert of 't Olle bert, "de âlde buert". Tichteby lizze de doarpen Niebert ("nije buert") en Lettelbert ("lytse buert").

De tsjerke fan Tolbert is om 1290 hinne boud. It koar is it âldste part, it skip en de toer binne út lettere tiid. Yn 1867 waard der in oargel pleatst, boud troch Petrus van Oeckelen. De hjoeddeiske ynrjochting fan de tsjerke datearret út de njoggentjinde iuw. It gebou is eigendom is fan de Stichting Oude Groninger Kerken en is yn de jierren 1984-1996 restaurearre.

Yn Tolbert is sûnt 1994 de Aldheidkeamer Fredewalda festige, dy't it kulturele erfguod fan it doarp bewarje wol. Yn it streekmuseum is op in makette fan hast 120 huzen Tolbert op skaal 1:200 neiboud sa't it om 1930 hinne wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerkertier  
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
  ·   ·