Gaarkeuken (Grinslân)
Gaarkeuken (Grinslânsk: Goarkeuk'n of Goarkeuken) is in buorskip justjes besuden Grijpskerk, oan it Van Starkenborghkanaal yn de provinsje Grinslân. It plak hat syn namme fan de gaarkeuken (Frysk: gearkoken, in ienfâldich restaurant anneks kafee) dy't by it ferlaat yn de farferbining fan Grins mei Fryslân stie. Oarspronklik sie dy gaarkeuken oan it mear súdlik lizzende Knillesdjip. Dat stee wurdt no noch Oude Gaarkeuken neamd.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1654 waard in foar it grutste part nij kanaal dold tusken Grinslân en Fryslân; it roan fan Briltil oer Noardhornertolhek nei de Fryske grins by Gerkeskleaster. De gearkoken waard doe ferset nei it plak fan no op de krúsing fan it Van Starkenborghkanaal mei it Wolddjip en har noardlike ferlinging Poeldjip (it lêste stik is no dimpt; mûning Hoeredjip). Letter waard in trekwei by dizze Trekfeart of Hoendjip lâns oanlein en krigen de doarpen yn de omkriten in opfeart nei it kanaal. Twadde helte 19e iuw binne de farwegen oanpast oan de easken fan de tiid. Yn dat ramt waard ek de Slûs Gaarkeuken yn 1864 (sa'n bytsje) op it hjoeddeistige plak oanlein. It ferlaat luts minsken dy't guod leveren dêr't skippers ferlet fan hiene: yn it foarste plak sterke drank, mar ek proviand.
Op 26 juny 1829 barde der yn Gaarkeuken in ûngemak dêr't deaden by foelen. Trije bern rûnen by de skean omheech steande brêge op; doe't de kontragewichten ôfbrutsen, rekken de bern ûnder de brêge.[1]
Yn 1938 waard it Hoendjip ferbrede en útwreide oant it Van Starkenborghkanaal ta; dêr waard in nije slûs boud by Gaarkeuken. De bou fan de tredde slûs yn de jierren 1980 moasten fiif slûswachterswenten en 575 beammen foar wike.
Op 11 novimber 1944 waard de Gaarkeuken bombardearre troch 15 Ingelske Typhoons fan de fleanbasis Volkel. De brêge en sluzen en ek in stikmannich huzen waarden fernield. Meidat de wetterhúshâlding doe net mear yn de hân te hâlden wie, strûpte in grut gebiet ûnder.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|