Gerkeskleaster
Gerkeskleaster is in doarp oan it Prinses Margrietkanaal yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen.
Gerkeskleaster | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 690 (↓) (2021) [1] |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 14' 18" N 6° 12' 25" E |
Webside | Side Gerkeskleaster-Strobos |
Tegearre mei Strobos foarmet Gerkeskleaster it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. Yn Gerkeskleaster en Strobos wurdt it Kleasterske dialekt sprutsen.
De doarpen lizze yn in klaaigebiet, dat it typyske karakter fan De Wâlden mist; hjir gjin dykswâlen mar in iepen lânskip. De doarpen foarmje ien geheel. Oant 1993 waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de eartiidske Grinslanner gemeente Gruttegast, dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Om't dat foar in soad praktyske beswierren soarge is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al hiel lang fan grut belang foar de doarpen. De goede ferbinings oer it wetter soarge al gau foar in soad warberens.
SkiednisBewurkje
Yn it earstoan lei hjir de delsetting Wigerathorp. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út Twizel liet der yn 1240 troch muontsen út it kleaster Klaarkamp in kleaster Jeruzalem stiftsje, dat yn 1249 yn de Sistersjenzer kleasteroarder opnommen waard. Der waard ek in tsjerke stifte, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht kerspels (tsjerkedoarpen) waard. Yn de folksmûle waard it kleaster Gerckes' kleaster neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant 1580 stien.
Yn de Tachtichjierrige Oarloch soe yn 1571 de klok út de tsjerketoer stellen en ferkocht wêze. Oare boarnen sizze dat de klok yn 1503 troch de wettergeuzen rôve waard. Yn alle gefallen hinget de klok no yn de tsjerke fan de Deenske plak Gadstrup (op Seeland). Nei de ynfiering fan de reformaasje waard it kleaster yn 1580 ôfbrutsen. Allinnich de brouwerij fan it kleaster bleau stean. Dy waard op 7 augustus 1629 as protestantske tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn 1786 fergrutte en ferhege en waard yn de jierren 1974-1975 op'e nij ferboud. Yn Gerkeskleaster fûn de ôfskieding en letter de doleânsje in hiel soad stipe. De grifformearde tsjerke (no PKN) fan Gerkeskleaster waard yn 1926 boud en ferfong de twa âldere grifformearde tsjerken fan Strobos en Gerkeskleaster.
Fan 1913 oant 1991 hie Gerkeskleaster in stienfabryk. It molkfabryk, dat om 1900 boud waard is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern FrieslandCampina.
MienskipBewurkje
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante "De Tweeling". Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten.
TsjerkenBewurkje
Ferienings/stiftingsBewurkje
- "Intermezzo"- dûbelkwartet, ûntspanningsferiening
- "Pro Junior"- brassband jongerein
- Zingt Gode Lof
- Brassband Gloria Deï
- Fûgelwacht Gerkeskleaster/Strobos
- Stifting Histoaryske Kring Gerkeskleaster-Strobos
- MBVO en DIO - gymnastyk
- Biljertferiening
- Frigro - kuorbal
- Grinsgefal - shantykoar
- GSVV - fuotbal
- Stifting "Musical"
SkoalleBewurkje
- It doarp hat mei Strobos ien basisskoalle "De Claercamp" (prot. kristlik).
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1955 | 1960 | 1965 | 1970 | 1973 | 2006 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.064 | 966 | 949 | 918 | 961 | 821 | 735 | 690 |
FerskaatBewurkje
- Op 22 febrewaris 2007 is de nije brêge oer it Prinses Margrietkanaal iepene.
PublikaasjesBewurkje
- Klaas van der Schuit, Jannie Geertsma-Hamstra -"Gerkesklooster – Stroobos, het dorp dat leeft"
- Klaas van der Schuit - "Tweede Wereldoorlog 1940-1945 Gerkesklooster Stroobos"
- Klaas van der Schuit - "100 jaar Bijzonder Onderwijs te Gerkesklooster-Stroobos 1884-1984"
- Klaas van der Schuit - "Zangvereniging " Zingt Gode Lof " 50 jaar 1946-1996"
- Klaas van der Schuit - "Brassband "Gloria Deï" 1923-1998"
- Klaas van der Schuit - "Barkmeijer Shipyards 150 jaar 1850-2000"
- Klaas van der Schuit - "Gereformeerde Kerk Gerkesklooster-Stroobos 1926-2001"
- Klaas van der Schuit - "Korfbalvereniging Frigro Gerkesklooster-Stroobos 1953-2003"
StrjittenBewurkje
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |