Koatstertille
Koatstertille | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Achtkarspelen |
Gritenij | Achtkarspelen |
Stimmen | 25 (as Koaten) |
Ynwenners (2008) | 2620 |
Huzen | 987 |
Koördinaten | 53° 12' NB, 6° 5' EL |
Netnûmer | 0512 |
Postkoade | 9288 |
Webstee | www.kootstertille.com |
Koatstertille, yn de folksmûle ek wol koartwei "De Tille" neamd, is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen. It leit east fan de Burgumer Mar oan it Prinses Margrietkanaal. Koatstertille hat likernôch 2.620 ynwenners (2008).
SkiednisBewurkje
Fan oarsprong wie Koaten in boeredoarp (Koaten is ôflaat fan Cottum dat wer komt fan koaterboeren, ofwol "de koaters"). Trochdat yn 1571 de Spaanske offisier en steedhâlder Caspar de Robles de opdracht joech ta it graven fan it Knillesdjip, sûnt 1945 Prinses Margrietkanaal neamd, kamen der mear minsken wenjen yn de omkriten fan de brêge oer kanaal. Dizze delsetting krige de namme "De Tille" (de Fryske beneaming foar hege brêge).
Benammen om de iuwikseling hinne kamen hjir û.o. inkele oaljemoles, in jeneverstokerij en in skipstimmerwerf; in ier begjin fan yndustrialisaasje dus. Ein jierren tritich fan de 20e iuw waard it kanaal om it doarp hinne lein, wêrtroch yn de foarm fan dearinnende earm in haven ûntstie, wêr't ferskate bedriuwen gebrûk fan makken. Dit hie ta gefolgen dat "De Tille" it doarp Koaten benefter liet en dêrom is yn 1959 de doarpsnamme Koaten opgien yn Koatstertille. Troch in wiziging fan it yndustrialisaasjebelied fan it Ryk waard Koatstertille oanwiisd as ûntwikkelingskearn.
MienskipBewurkje
Efter Doarpshűs It Tillehűs sit aktiviteitensintrum It Tillhûs. De stifting Revuploech Koatstertille bringt dêr de lêste jierren de Nijjiersrevu fan Koatstertille.
It doarp hat trije skoallen.
TsjerkenBewurkje
- Benediktustsjerke (de eardere herfoarme tsjerke)
- Tsjerklik sintrum (de eardere grifformearde tsjerke)
FerieningsBewurkje
- Fuotbalferiening Koatstertille
- Nij Begjin - toaniel
- De Dowetille - dowen
- Sjitsportferiening
- Stertil - sosjale foarsjennings
BefolkingBewurkje
FerskaatBewurkje
- De herfoarme tsjerke út 1883 hat in liedklok út 1759.
- Yn 1976 begûn minister Jos van Kemenade mei stimulearringsûnderwiis, foar efterstânsproblemen by bern, ek op de skoallen yn Koatstertille.
StrjittenBewurkje
Iepenbier ferfierBewurkje
- Line 13: Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert
Berne yn KoatstertilleBewurkje
- Louw de Graaf (1930), politikus
- Arno Bunnig (1985), basketballer
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kootstertille fan Wikimedia Commons. |
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |