Gauke Kootstra
Gauke Kootstra (De Koaten, 9 july 1874 – Grins, 27 novimber 1942[1]) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.
Gauke Kootstra | ||
politikus | ||
Gauke Kootstra | ||
echte namme | Gauke Kootstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | De Koaten | |
stjerplak | Grins | |
etnisiteit | Frysk | |
Boargemaster fan Eaststellingwerf | ||
amtsperioade | 1913 - 1918 | |
foargonger | Yeb Feikema | |
opfolger | Jochum Falkena | |
Boargemaster fan Emmen | ||
amtsperioade | 1918 - 1927 | |
foargonger | Christoffer van der Wal | |
opfolger | Jan Liebbe Bouma | |
Boargemaster fan Gorkum | ||
amtsperioade | 1927 - 1939 |
Biografy
bewurkje seksjeKootstra wie in soan fan in pelmûnder yn De Koaten. Hy krige in oplieding op it gemeentehûs yn Bûtenpost en waard amtner oan de sekretary yn Dantumadiel; yn 1904 waard er gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf. Fan 1913 ôf wie er ûnôfhinklik frijsinnich boargemaster fan, efterelkoar yn Eaststellingwerf (1913-1917), Emmen (1917-1927) en Gorkum. Yn Emmen kaam er telâne yn in rûzige perioade; de gemeente wie hast fallyt en der wie slimme earmoed ûnder de befolking [2]. Hy wie dêr belutsen by de emigraasje fan hûnderten gesinnen, dy't op syn minst út fiif persoanen bestienen, nei Twinte (benammen nei de Drentse buurt yn de Ynskedeeske wyk Pathmos) dy't dêr kâns op in better bestean yn de tekstylyndustry hawwe moatte soene.
Yn 1936 waard Kootstra beneamd ta offisier oarder fan Oranje Nassau.[3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Bulte, M. (2008). Emmenaren op drift, Uitgeverij Kok, Utrecht. |