Oarder fan Oranje-Nassau

De Oarder fan Oranje-Nassau is in Nederlânske ridderoarder dy't seis ridderlike graden hat. Minsken mei bysûndere fertsjinsten foar de mienskip kinne yn de oarder beneamd wurde.

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Oarkonde

De Oarder fan Oranje-Nassau waard op 4 april 1892 ynsteld ûnder regintesse Emma.

Underskiedingen

bewurkje seksje

De ûnderskiedingen binne fan heech nei leech:

  1. Ridder Grutkrús: It oarderteken oan in grutlint oer it rjochterskouder en ek in achtpuntige sulveren stjer.
  2. Grut offisier: It oarderteken oan in halslint (by manlju) of strik (by froulju), en ek in fjouwerpuntige sulveren stjer yn de foarm fan in rútfoarmige plak.
  3. Kommandeur: It oarderteken oan in halslint (by manlju) of strik (by froulju).
  4. Offisier: It oarderteken oan in lint of strik dêr't in rozet op sit.
  5. Ridder: It oarderteken oan in lint of strik.
  6. Lid: In justjes lytser oarderteken oan in lint of strik.

It oarderteken fan de fjouwer heechste graden is útfierd yn fergulde sulver, dat fan de fiifde en sechsde útfierd is yn sulver. It lint is oranje tusken twa streken fan Nassaus blau, de kleuren skieden troch in smelle wite streek.

  • P.J. d'Artillac Brill Sr., "Beknopte geschiedenis der Nederlandse ridderorden", De Haach 1951
  • J.A. van Zelm van Eldik, "Ons grondwetsartikel regelende de instelling van Ridderorden en de ontwikkelingsgang van de Nederlandse Orden in de 19e en 20e eeuw", De Haach, 1985
  • Nick Steenkamp, "Doe wel en zie niet om", De Haach 2000
  • J.A. van Zelm van Eldik, "Moed en Deugd", Sutfen 2003
  • Nar van Otterdam Held van het veld, Helmond 2008

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  • Oarder fan Oranje-Nassau op de webside fan de kanselarij
  • Wet op de ynstelling fan de oarder op [1]
  • Reglement op de Orde van de Nederlandse Leeuw en de Orde van Oranje-Nassau op [2]