Emma fan Waldeck-Pyrmont
Emma prinses fan Waldeck en Pyrmont (Arolsen, 2 augustus 1858 - De Haach, 20 maart 1934 ) wie de twadde frou fan kening Willem III en de mem fan keninginne Wilhelmina.
Nei de dea fan Willem III yn 1890 wie hja oant 1898 regintesse foar har dochter. Emma hechte in soad belang oan optreden yn it iepenbier en reizge yn 1891 en 1896 mei Wilhelmina lâns alle provinsjes. Sa fergrutte hja de populêrens fan it Keninklik Hûs dy't ûnder kening Willem III (bynamme: 'Kening Gorilla') in djiptepunt berikt hie.
Libben
bewurkje seksjeEmma waard berne op it Slot Arolsen as dochter fan de foarst Georg Viktor fan Waldeck-Pyrmont en syn earste frou, Helene fan Nassau. Yn 1869 ferstoar har âldere suster Sophie oan tuberkuloaze, itjinge in djippe yndruk makke op de doe noch tige jonge prinses. Letter stifte hja yn Nederlân it Emma-fûns om dy sykte te bestriden.
Op 7 jannewaris 1879 boaske Emma yn 'e âldens fan 20 jier mei de 41 jier âldere kening Willem III. Dêrby gyng Emma fan de lutherske tsjerke oer op Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Ut it houlik waard op 31 augustus 1880 Wilhelmina berne. Foar Emma wie de religieuze foarming fan Wilhelmina in tige wichtige saak.
Yn de lêste dagen fan kening Willem III (fan 14 oant en mei 23 novimber 1890) funksjonearre Emma as regintesse. Nei de dea fan Willem III naam hja dy taak op foar har dochter Wilhelmina, oant Wilhelmina yn 1898 achttjin waard en de troan bestige koe. Hja waard dêrby holpen troch de Ried fan Fâlddij, fan wa't noch wolris útstellen kamen dêr Emma har tsjin ferdigenje moast.
Emma learde al fuort nei har ferloving mei Willem III Nederlânsk; it regear hie foar dat doel de rektor fan it gymnasium yn De Haach oansteld, Laurens Reinhard Beynen (1811–1897), om Emma yn Arolsen it Nederlânk machtich te meitsjen. It wie Emma dy't troch har foarbyld der foar soarge dat oan it hôf en yn de bettere kringen tenei Nederlânsk praat waard. Earder brûkten it hôf en de boppelaach frjemde talen as fiertaal. Dat krekt immen as Emma, dy't sels net yn it Nederlânsk grut brocht wie, it Nederlânsk as fiertaal befoardere waard troch de befolking tige wurdearree.
Emma wie in populêr lid fan it keningshûs en hja droech by oan it ferstevigjen fan de konstitúsjonele monarchy. Yn 1918 liet hja har troch de skilder Jan Veth portretearje. Har grutte tal besites yn it lân en har krewearjen om Wilhelmina ta te rieden foar de troan soargen foar mear betrouwen yn it Hûs fan Oranje.
De lêste jierren fan har libben wenne Emma simmerdeis yn paleis Soestdijk en winterdeis yn it paleis Lange Voorhout yn De Haach. Yn it paleis Lange Voorhout ferstoar Emma op 20 maart 1934.
Stambeam
bewurkje seksjeStambeam Emma fan Waldeck en Pyrmont (1858–1934) | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Pakes en beppes |
George II fan Waldeck-Pyrmont |
Willem fan Nassau (1792–1839) | ||||||
Alden |
George Victor van Waldeck-Pyrmont (1831–1893)| | |||||||
Emma fan Waldeck-Pyrmont (1858–1934) | ||||||||
Bern |
Keninginne Wilhelmina (1880–1962) | |||||||
Beppesizzer |
Keninginne Juliana (1909–2004) |
Keppeling(s) om utens: | ||
|