Sybrand van Haersma

Sybrand van Haersma (Koatstertille, 11 augustus 1766 - Bûtenpost, 12 septimber 1839) wie grytman fan Achtkarspelen, baljuw fan Ljouwert (1809) en frederjochter (1812).

Portret fan de fjouwer âldste bern fan Daniël de Blocq van Haersma. Rjochts Sybrand van Haersma, lofts fan him syn susters Catharina, Martha Cecilia en syn broer Arend Aulus

Biografy bewurkje seksje

Van Haersma wie in soan fan Daniël de Blocq van Haersma, ek grytman fan Achtkarspelen en Maria Wybrandi, dochter fan Sybrand Wybrandi, sekretaris fan Kollumerlân. Van Haersma waard berne en doopt yn Koatstertille, mar ferhuze mei syn âlden yn 1767 nei de Haersmastate dy't syn heit yn Bûtenpost sette litten hie.

Van Haersma beklaaide ferskate funksjes. Yn 1788 folge er syn broer Arent Aulus op as sekretaris fan Achtkarspelen. Fan at jier ôf wie er ek Volmacht ten Landsdage út namme fan East-Dongeradiel en fan Achtkarspelen. Yn 1806 waard er drost fan Warkum. Fierder wie er drost en letter baljuw fan Ljouwerteradiel en Idaarderadiel. Fan de lêste gritenij wie syn skoanheit Cornelis van Scheltinga earder grytman. Tusken 1811 en 1816 wie Van Haersma frederjochter fan Bûtenpost. Yn 1814 wie er ek lid fan de Vergadering van Notabelen; dy gearkomst waard belein om te stimmen oer de earste Nederlânske Grûnwet. Johannes Casparus Bergsma, syn sweager, wie ek by dy gearkomst.

In 1814 waard Van Haersma lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, ynearsten út namme fan Achtkarspelen, mar letter út namme fan it distrikt Burgum. Yn 1816 folge Van Haersmas beneaming as grytman fan Achtkarspelen. Dêrmei wie er de opfolger fan syn heit dy't yn de tiid fan de Bataafske Revolúsje út dy funksje set wie. Sybrand waard opfolge troch Daniel de Blocq van Haersma de With, soan fan syn suster Catharina van Haersma en Jan Minnema de With.

Van Haersma urf de Haersmastate yn Buitenpost yn 1821 nei it ferstjerren fan syn mem. Nei't er sels stoarn wie fererfde de state op syn neef en opfolger as grytman, Daniel de Blocq van Haersma de With.

Sybrand van Haersma troude op 22 juny 1794 yn Idaard mei Isabella Moreel van Scheltinga, in dochter fan Cornelis fan Scheltinga en Aurelia Aletta fan Haersma. Isabella wie sawol fan heitekant as memmekant besibbe oan Sybrand. Mei't it pear gjin bern krige stjert de famylje Van Haersma mei him út.

Underskieding bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: