Frederjochter
In frederjochter is in âlde namme foar in kantonrjochter tusken 1811 - 1838. Yn 1811 waard yn Fryslân de Frânske rjochterlike organisaasje ynfierd mei skieding fan bestjoer en rjochterlike macht. Teffens waard brutsen mei de âlde territoriale yndieling fan gritenijgerjochten.
It distrikt Fryslân waard ferdield yn trije arrondisseminten: Ljouwert mei 10, Snits mei 5 en It Hearrenfean mei 4 kantons. Yn elk kanton wie in frederjochter, dy't rjocht spruts oer de lytse sivile en strafsaken. Yn 1838 kaam foar him yn it plak de kantonrjochter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|